Fryslân wer in pear gemeenten earmer

jannewaris 1, 2019 09:32 Fernijd

De gemeente Noardeast-Fryslân, boarne Wikipedy

Hjoed set de nije gemeente Noardeast-Fryslân útein. Dat betsjut dat de kaart fan gemeenten yn Fryslân nei de gemeentlike fúzjes fan de lêste jierren al wer ienfâldiger wurdt. Soks jildt net foar de fúzje sels. Want ynearsten wie it de bedoeling dat njonken de gemeenten Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân de gemeente Dantumadiel allyksa opgean soe yn Noardeast-Fryslân. Yn de oanrin dêrhinne fusearren de fjouwer gemeenten op 1 jannewaris 2017 al op amtlik nivo: de saneamde DDFK-gemeenten. Dantumadiel loek him lykwols letter werom. Dantumadiel sil no nei de foarming fan Noardeast-Fryslân tsjinsten ôfnimme by de nije fúzjegemeente sûnder sels in op ‘e nij amtlik apparaat op te bouwen. De gemeente Dantumadiel slút in oerienkomst mei de nije gemeente foar it folsleine pakket oan amtlike tsjinstferliening. Sa’n gong fan saken is unyk yn Nederlân. Nea earder fusearren fjouwer amtlike organisaasjesjes en trije gemeenten wylst de fjirde gemeente alle amtlike funksjes ûnderbringt by de nije gemeente.

De foardielen fan gemeentlike fúzjes wurde oanstriden. De kosten soenen just heger wurde kinne en yn Fryslân kin de Fryske taal yn de knipe komme. Yn Noardeast-Fryslân sille behalven Frysk en Nederlânsk ek twa Stedske dialekten (Dokkumersk en Kollumersk) praat wurde, mei dêropta twa Nedersaksyske dialekten, nammentlik it Kollumerlânsk en it Pompstersk.

Hjoed bedarje der dus wer trije gemeenten yn de skiednisboeken. En ynformaasje oer dy gemeenten bliuwt te finen op de Wikipedy, sjoch:

Dongeradiel

Ferwerderadiel

Kollumerlân

jannewaris 1, 2019 09:32 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.