Fryslân skoart op InfraTech Beurs yn Ahoy Rotterdam

jannewaris 23, 2019 09:58

Fryslân hat ferline wike woansdei hege eagen smiten op de ynfra- en technykbeurs InfraTech yn Ahoy Rotterdam. It gearwurkingsferbân Ynnovaasje-atelier mei Grinslân en Drinte wûn de earste priis op it mêd fan fernijende gearwurking. De biokomposyt fytsbrêge Ritsumasyl einige yn de top 3 fan meast ynnovative projekten. Minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat Cora van Nieuwenhuizen rikte de prizen út.

Ympresje fytsbrêge Ritsumasyl (ôfbylding: Provinsje Fryslân)

Deputearre Poepjes is grutsk. “Om te ynnovearjen is lef nedich. Ut de gedachte ‘grut tinke, lyts dwaan’ wei begûnen wy mei ús partners oan it Ynnovaasje-atelier. De priis is in beleanning foar ús mienskiplike fernijende oanpak. It stimulearret ús noch mear om ús yn te setten op ynnovaasjes yn de ynfrasektor.”

Gearwurkje
It Ynnovaasje-atelier is in gearwurkingsferbân fan de noardlike provinsjes mei Bouwend Nederlân en Keninklike NL-Ingenieurs en de wetterskippen. Doel is om ynnovaasje yn de ynfrasektor mear romte te jaan. Konkreet resultaat fan dy gearwurking is it fytspaad by de N355 lâns by Tytsjerk mei in duorsum wyt tek fan beton. In Europeeske primeur.

De biokomposyt fytsbrêge by Ritsumasyl is de earste yn syn soart yn it iepenbiere wegenet. De brêge is makke fan flaaks en 80% natuerlik hars. De brêge hat in beweechbere frije oerspanning fan 22 meter. Mei de opritten ynbegrepen telt de brêge 66 meter weitek. De brêge wurdt yn ’e hjerst yn gebrûk nommen. It projekt gie yn Ahoy Rotterdam de kompetysje oan mei 67 oare ynstjoerings.

Trend
De trend fan de ôfrûne jierren is dat opdrachtjouwers en opdrachtnimmers hieltyd faker mei-inoar oplûke. By it fytsbrêge-projekt (dat de namme DRIVE krige hat) is dat ek it gefal, der wurdt yn in mienskiplik boutiim wurke. Fryslân en de merkpartijen binne mei GreenPAC (gearwurkingsferbân hegeskoallen) en TU Delft, Leuven en Osnabrûck as tiim oan ’e slach gien mei it ûntwerpen fan de brêge. Op paad nei in folslein sirkulêre ekonomy slacht de provinsje Fryslân dêr in ynnovative wei mei yn.

jannewaris 23, 2019 09:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.