Fryske Waadeilannen op nûmer 30 list New York Times

jannewaris 9, 2019 13:19

Super charming Fryske Waadeilannen op nûmer 30 fan ’52 places to go in 2019′

Skiermûntseach (foto: Merk Fryslân)

De Fryske Waadeilannen en de Waadsee fan Nederlân, Dútslân en Denemarken binne troch de tige renommearre New York Times beneamd op plak 30 yn de list ‘52 places to go in 2019‘. One place to dream about exploring each week. De New York Times makket alle jierren 52 plakken yn de wrâld bekend, dy’t je dat jier sjoen ha moatte. It Amerikaansk deiblêd hat in miljoeneberik. De beneaming is in geweldige kâns om de Fryske Waadeilannen breed ynternasjonaal yn ’e merk te setten as toeristyske bestimming.

In seldsum rêstich en ûntspannen stikje wyld Europa
De New York Times sjocht foar de list nei in miks fan sawol bekende as minder bekende bestimmings. De publikaasje komt fuort út in parsereis dy’t de kollega’s fan Marketing Grinslân mei it NBTC Holland Marketing organisearre ha. Dêrby stiene natuer, lokale keuken, Waadsee Wrâlderfgoed en duorsum toerisme sintraal. Ferskate lokaasjes binne besite lykas Skiermûntseach, it Dark Skypark Lauwersmar, Waadsee Wrâlderfgoed en in oantal lokale ûndernimmers. It resultaat is in fermelding fan De Fryske Waadeilannen, Nasjonaal Park Lauwersmark en it Dark Skypark en Waadsee Unesco Wrâlderfgoed. De sjoernalist fan de NYT ûnderfûn dat stikje fan Noard-Nederlân as in seldsum rêstich en ûntspannen stikje wyld Europa. En neamde de Fryske Waadeilannen dêrneist super charming and uber-green.

Ferline jier belâne Fryslân al op nûmer 3 fan Lonely Planet‘s ‘Best in Europe’, de heechste Nederlânske notearring ea. En National Geographic joech Fryslân yn 2018 in nûmer 20 notearring .

Duorsum toerisme
Merk Fryslân is de trekker fan de brede kampanje foar eilântoerisme (www.wadtodo.nl) yn gearwurking mei de Waadfederaasje en foar Waadsee Wrâlderfgoed yn gearwurking mei Marketing Grinslân en Holland boven Amsterdam. Op ynternasjonaal nivo wurdt gearwurke mei it NBTC. Dêr stiet duorsum toerisme mei wurdearring foar it behâld en de beskerming fan de natuer en ek it Wrâlderfgoed by foarop.

jannewaris 9, 2019 13:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.