Fryske seediken yn gefaar

jannewaris 8, 2019 00:27

Foto: pixabay.com

Fryslân en Grinslân hawwe tiisdeitemiddei dykbewekking ynsteld. Fan Surch oant Lauwerseach wurde tiisdei minsken opsteld om de seediken skerp yn ’e gaten te hâlden. Der waait in stoarm dy’t oanhelje kin oant krêft njoggen en der wurde troch springtij hege weterstannen ferwachte. Weagen kinne in hichte fan wol tsien meter berikke.

Dat is lykwols net alles. Ut de konteners dy’t ferline wike fan it skip MSC Zoe ôf slein binne, komt noch hieltiten rommel oanspielen. It Grinslanner wetterskip Noorderzijlvest docht te witten: “Omdat er nog veel troep en mogelijk ook containers in het water drijven, houden we onze dijk tussen Eemshaven en Lauwersoog morgen extra goed in de gaten. Een koelkast of container die met kracht tegen de dijk wordt geslagen, kan beschadigingen veroorzaken.”

Henk Flikkema fan Wetterskip Fryslân seit dat it gefaar foar de seediken fergrutte wurdt troch goedbedoelende frijwilligers dy’t rotsoai opromje wolle. Hy seit: “Ik meitsje my benammen soargen oer de oanrin fan minsken nei de seedyk ta as der wer nije rommel leit”. As der grutte kloften minsken en sels auto’s op ‘e dyk ride, is dat in gefaar. Flikkema seit: “Dan ferniele jim de gersmatte, wylst dy just sa wichtich is foar as it echt spannend wurdt.”

Net allinne wurde de seediken bewekke, de kearmuorre by Harns is ek tichtdien, krekt lykas de gemalen by Roptasyl, Swarte Hoanne, Marrum en Delfsyl. It KNMI moannet ta foarsichtigens en hat foar tiisdei oerdei koade giel ôfjûn foar it Waadgebiet en de provinsjes Fryslân, Grinslân, Drinte, Oerisel, Flevolân, Noard- en Súd-Hollân en Seelân.

jannewaris 8, 2019 00:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.