Fryske reedrider Sjinkie Knegt yn ’e brân flein: slim ferwûne

jannewaris 10, 2019 19:48

Sjinkie Knegt

Reedrider Sjinkie Knegt is by in brân slim ferwûne rekke. De klean fan de 28-jierrige shorttracker fleagen yn ’e brân, doe’t er yn syn hûs yn Bantegea de kachel oanstiek. Knegt rûn treddegraads brânwûnen op. Benammen syn lofterskonk is der raar oan ta. De reedrider is haljetrawalje mei in rêdingshelikopter nei it akademysk sikehûs yn Grins ta brocht.

Knegt is benammen sûnt 2010 yn it nijs, doe’t er foar it earst in medalje wûn op in grutte wedstryd. Hy helle doe sulver op ’e tûzen meter by de wrâldbekerwedstriden yn Sjanghai. Sûnt is syn namme part fan it reedrydnijs. Hy waard yn 2015 sportman fan it jier en ferline jier wûn er op ’e Olympyske Spullen yn Súd-Korea noch in sulveren medalje op ’e 1500 meter, dêr’t er sels nammers net tefreden oer wie.

Yn desimber hat Knegt ek in ûngemak hâlden. Hy rekke doe oan ’e skonk ferwûne, doe’t er fêst kaam te sitten tusken in skuorre en in heftruck dy’t net op ’e rem stien hie en begûn wie te riden. De blessuere dy’t er doe oprûn makke dat er net meidwaan koe oan it Europeesk Kampioenskip dat moarn yn Doardt fan ein giet.

jannewaris 10, 2019 19:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.