Frysk Rekreaasjekongres 2019: Reis nei de takomst

jannewaris 22, 2019 09:34

It Frysk Rekreaasjekongres 2019, organisearre troch Merk Fryslân stie dit jier folslein yn it teken fan toerisme yn de takomst. Nei in fruchtbere gearwurking mei Ljouwert- Fryslân 2018 is der foar de regiomarketingorganisaasje alwer in oar jier dat folop spilet: 2030.

Foto: Merk Fryslân

“In frisse blik op de takomst is wichtich”, seit Martin Cnossen, direkteur fan Merk Fryslân. “Wat komt der eins op ús ôf? Wat kinne wy ferwachtsje? En wa? Wat wol dy besiker? Toerisme bliuwt in groeiende faktor, mar de wichtige fraach is: hoe profitearje wy yn Fryslân dêrfan?” Dy fragen stiene sintraal op it Frysk Rekreaasjekongres, dêr’t goed twahûndert rekreaasjeûndernimmers op ôf kamen. Merk Fryslân organisearre it kongres foar de tredde kear, yn gearwurking mei Provinsje Fryslân en waard dit jier holden yn Lokaal 55 yn Snits.

Fyzje foar de takomst
Deputearre Klaas Kielstra joech de ôftraap foar it kongres. “2018 wie foar ynwenners, besikers en toerisme-ûndernimmers yn Fryslân in fantastysk jier. Passend by it unike karakter fan Fryslân moatte wy ús posysje de kommende jierren fierder útbouwe”, liet Kielstra witte. Kânsen foar de takomst binne der neffens direkteur NBTC Holland Marketing Conrad van Tiggelen folop. Op lanlik nivo hat it NBTC in perspektyf sketst fan it toerisme yn 2030. Dêryn wurdt in oprop dien ta oanbodynnovaasje en regionale ûntwikkeling. Van Tiggelen: “Ik bin entûsjast dat Fryslân it inisjatyf nimt om in passende trochfertaling te meitsjen fan dat perspektyf, sadat de kânsen dy’t toerisme biedt optimaal benut wurde kinne.”

Foto: Merk Fryslân

Trends spylje ek in wichtige rol by it meitsjen fan karren. Trendanalist en ko-auteur fan de Trendrede 2019 Christine Boland naam de ûndernimmers mei yn har blik op ’e wrâld en de fertaling nei trends. “As je begripe wat der libbet yn ’e wrâld, kinne je takomststrategyen bepale en sjen wat de kânsen binne”, sei Boland. Hja joech oan dat foar 2019 de minsklike maat sintraal stean sil. “Hoe grutter de problemen yn ’e wrâld wurde, hoe mear wy derfan trochkrongen reitsje dat wy lyts begjinne moatte om it op te lossen.” De strategy fan Merk Fryslân om de fokus neist kultuertoerisme hieltyd mear en mear op duorsum toerisme te lizzen is dêrom in logyske stap.

Neist Ljouwert-Fryslân 2019, wie 2018 ek it jier fan de #3-notearring fan Fryslân op de populêre list ‘Best in Europe’ fan Lonely Planet. Sara van Geloven fan it Lonely Planet-tydskrift liet sjen wat dat betsjut foar in bestimming, hokker doelgroep dêr by heart en hoe’t ûndernimmers dêrop ynspylje kinne.

Grutte plannen Fryslânstyl temajier 2019
Merk Fryslân liet fierder witte tenei oer te gean op jiertema’s. Foar 2019 is it jiertema Grutte plannen Fryslânstyl, dat opdield wurdt yn de kampanjes Grutte fiergesichten, Grutte belibbings en Grutte nachten. De jiertema’s komme ta stân yn oerlis mei ferskate belutsen partijen yn Fryslân en moatte bydrage oan in stevige posysje fan toeristysk Fryslân.

Merk Fryslân
Merk Fryslân is de regiomarketingorganisaasje foar de provinsje Fryslân. Ut in oerkoepeljende fyzje wei jout Merk Fryslân, yn opdracht fan de Provinsje Fryslân, ynfolling oan de marketing en promoasje foar Fryslân, de Waadeilannen en it UNESCO Waadgebiet. De primêre fokus leit dêrby op it toerisme, sawol partikulier as saaklik.

jannewaris 22, 2019 09:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.