Frysk Museum presintearret oersjochsútstalling Éric Van Hove

jannewaris 4, 2019 10:01

Fan 2 febrewaris 2019 ôf presintearret it Frysk Museum yn Ljouwert de grutte oersjochsútstalling Éric Van Hove: Fenduq. Mei in tiim fan ynternasjonale ambachtslju reprodusearret Van Hove (Algerije, 1975) yndustriële motorblokken en reau. Hûnderten ûnderdielen wurde mei de hân neimakke fan materialen as hout, keramyk en koper. Mei syn ambachtlike skulptueren snijt de keunstner globale tema’s oan as de ferdieling fan wolfeart en de ferskillen tusken it westen en de rest fan de wrâld.

Éric Van Hove, ‘Dorigin’, 2016 (foto: Alessio Mei)

It motorblok stiet foar Van Hove symboal foar de yndustrialisaasje, dy’t yn in protte lannen de ein betsjutte fan it klassike ambacht. Mei syn yndrukwekkende replika’s stribbet de keunstner nei in oerwurdearjen fan fakmanskip. Tagelyk adressearret er op yntelliginte wize de sosjaal-ekonomyske dynamyk fan de postkoloniale maatskippij.

Fenduq
Fenduq is de namme fan it atelier fan Van Hove. De namme is in gearfoeging fan ‘fenn’ (it Arabyske wurd foar keunst) en ‘funduq’. Funduqs wiene tydlike hannelsposten dêr’t omreizgjende karavanen delstrutsen om hannel te driuwen en harren netwurk te ûnderhâlden. Yn Fenduq komme ambachtslju, keunstners, ekonomen en oare belutsenen byinoar. It is in plak foar produksje, mar ek foar dialooch. Fenduq fersterket de besteande talinten en kwaliteiten fan de ambachtslju en jout se in bettere posysje yn de Marokkaanske maatskippij.

D9T
Blikfanger fan de útstalling is in replika fan it motorblok út in Caterpillar D9 buldoazer. De buldoazer waard ûntwikkele om de ynfrastruktuer yn ûntwikkelingslannen te ferbetterjen, mar waard úteinlik foaral bekend as militêr reau. Dêrmei is er it symboal wurden fan ûnderdrukking yn stee fan opbou. Van Hove demontearre it motorblok en frege 41 ambachtslju alle 295 ûnderdielen nei te meitsjen. D9T (Rachel’s Tribute) waard koartlyn troch it museum oankocht mei stipe fan it Mondriaan Fûns, De BankGiro Lotterij en de Freonen fan it Frysk Museum.

Éric Van Hove, ‘V12 Laraki‘, 2013 (foto: François Fernandez)

Fryske motor
Spesjaal foar it Frysk Museum ûntwikkelet de keunstner in nij wurk. Under de útstallings wurkje Fryske, Marokkaanske, Sweedske en Yndonezyske faklju oan de reproduksje fan de motor út in Claas Jaguar fjildhakseler. Dat lânboureau wurdt in protte brûkt op it Fryske plattelân. De motor wurdt makke fan Marokkaansk houtwurk, Hylper skilderwurk, Yndonezysk snijwurk, Frysk sulverwurk, Sweedsk glêswurk en Frysk houtsnijwurk. Yn de útstalling is de fuortgong fan it projekt te folgjen.

Publikaasje
By de útstalling ferskynt in publikaasje mei deselde titel yn it Nederlânsk en Ingelsk. Dêryn beljochtsje eksperts de wurken fan Éric Van Hove dy’t ek yn de útstalling te sjen binne. It boek wurdt útjûn troch Jap Sam Books en is te keap yn de museumwinkel.

Éric Van Hove
Éric Van Hove waard yn 1975 berne yn Guelma (Algerije). Hy groeide op yn Kameroen as soan fan Belgyske yngenieurs dy’t har ynsette foar ûntwikkelingsprojekten. Doe’t er fjirtjin wie gie de húshâlding werom nei België. Nei syn stúdzje oan de keunstakademy yn Brussel gie er nei Japan, dêr’t er syn masters en PHD helle. Dêrnei wenne er koart yn België foar’t er him permanint yn Marrakesh fêstige. Yn 2014 bruts er ynternasjonaal troch mei’t er dielnaam oan de Biënnale fan Marrakesh.

jannewaris 4, 2019 10:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.