Friezen rûmje frijwillich de strannen op

jannewaris 5, 2019 20:24

Oanspielde rommel by Peazens-Moddergat (foto: Richt Sterk)

De Fryske kust is in binde. Yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris is in frachtskip yn ’e omkriten fan Boarkum likernôch 270 konteners kwytrekke. 22 konteners binne op ’e Fryske kust oanspield. De ynhâld dêrfan leit rûnom fersille. It giet om in grut ferskaat oan saken, lykas skuon, autoûnderdielen, boartersguod en plestik snypsnaren.

De mienskip lit him lykwols fan syn bêste kant sjen. Grutte kloften Friezen wiene de ôfrûne dagen manmachtich nei de kust ta set om de soldaten te helpen dy’t dêr yn opdracht fan ’e Ryksoerheid oan it himmeljen binne. Los guod waard garre yn jiskepûden en klearlein om yn ’e ôffaloven yn Harns ferbaarnd te wurden. Op ’e eilannen is it oprûmjen fierhinne klear en de gemeente Skiermûntseach hat minsken frege om dêr snein net mear hinne te kommen, mar op it lange stik kust tusken Swarte Hoanne en Lauwerseach lei sneon noch in soad rotsoai.

Wa’t mei oprûmje wol, kin op Twitter mei de hashtags #helpwad, #waddencleanup en #opruimactie sykje om de plakken dêr’t it measte ferlet bestiet fan in pear ekstra hannen.

Mear ynformaasje is te finen op it webstee fan de feilichheidsregio Fryslân:
https://www.veiligheidsregiofryslan.nl/intern/overboordgeslagen-containers-waddengebied/

 

jannewaris 5, 2019 20:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.