Friezen faker fan soarchfersekering feroare

jannewaris 5, 2019 09:07

Oant âldjiersdei wie der gelegenheid om nei in better passende soarchfersekering oer te stappen. Yn Fryslân makken dêr hast tritich persint mear minsken gebrûk fan as it jier dêrfoar. Dat is opfallend, want nettsjinsteande dy stiging wurdt yn Fryslân net in soad wiksele. Ferlike mei de trochsneed fan oare provinsjes leit it tal oerstappers 25% leger.

Friezen kieze faker foar in oanfoljend pakket
Yn ferliking mei 2017 waard yn Fryslân faker foar in oanfoljende fersekering keazen. Doe wie dat 66,3%, no wie dat 68,5%. Yn Flevolân waard dêr it faakst (71,4%) foar keazen.

Utrechters it minst hokkfêst
Yn de provinsje Utrecht waard it meast fan fersekerder feroare: 39,7% mear as de lanlike trochsneed. Oare provinsjes dêr’t de ynwenners relatyf faak oerstapten binne Flevolân (+14,8%) en Noard-Hollând (+13,2%). Yn Seelân waard it minst faak oerstapt (-53,3%).

Preemje omheech
De soarchpreemjes geane dit jier trochinoar mei goed seis euro de moanne omheech. Guon fersekerders holden de basispreemje sawat gelyk, oaren ferhegen dy oant wol 15,8% yn ferliking mei ferline jier. De goedkeapste basisfersekering kostet dit jier 98,50 euro de moanne, de djoerste 134,00 euro.

Coen de Ruiter, de algemien direkteur by Independer, dat de ferliking ûndersocht, tinkt dat de grutte preemjeferskillen de minsken oanfitere hawwe om de offerten mar ris goed mei-inoar te ferlykjen. Mear minsken as foarhinne hawwe dat dien en fûnen in passend alternatyf.

Restitúsjefersekering ferliest oan populariteit
De faak djoerdere restitúsjepoalis (mei folslein frije soarchkar) wurdt alle jierren minder populêr. Twa jier lyn naam 19% persint fan de klanten fan Independer noch sa’n poalis. Ferline jier sakke dat nei 15%. Foar 2019 keas noch gjin tsien persint foar restitúsje.

Mear ynformaasje is te finen op https://www.independer.nl/

 

jannewaris 5, 2019 09:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.