Frâns Kuipers: “We rule this country”

jannewaris 26, 2019 20:00

Kollum

Yn ’e mist autoride is spannend, mar ek hiel gefaarlik. Yn ’e mist op bekende wegen, weikes of strjitten ride, jout problemen. Dizenigens troch mist hat fan gefolgen dat bekende wegen soms as ûnbekende wegen by sjauffeurs oerkomme. Dat byld jildt ek foar de polityk. Alles wat bepraat wurde moat en dêr’t besluten oer nommen wurde moatte, is meastal wol bekend. Mar as politisy it net goed sjogge of net goed mear witte, dan prate se ‘mei moal yn ’e mûle’. Hja produsearje dan faak mistige reaksjes. Mystike polityk, soene jo dat neame kinne. Politike redenaasjes fan in hegere oarder? It gewoane folk snapt dat net. Dominys preken iuwen lang op soartgelikense wize. It tal tsjerkeleden rint tebek, aloan mear tsjerken steane te keap! Spitich? Ja! Logysk? Ja!

Yllustraasje © Cor Dam (mei syn tastimming)

Hjitte brij
Politisy hawwe der in hantsje fan om ‘om de hjitte brij hinne te draaien’, omdat se lang net altyd genôch weet hawwe fan de kwestjes dy’t spylje. Mistich anderje jout romte, want se wolle net ‘pakt’ wurde op tasizzingen. De spontane belofte fan € 1000,– fan Mark Rutte “foar alle wurkjende Nederlanners!” (augustus 2016) hat elkenien goed begrepen. Rutte krige flink op ’e hûd.
Allegearre hawwe se leard fan Rutte dat ‘yn rûntsjes’ prate en draaie faak de iennige útwei is. De nije jonge fraksjelieder fan D66 Rob Jetten (31 jier) is dêr hiel goed yn. Sybrand Buma fan it CDA is in goeie twadde en Gert Jan Seegers fan de CU draait de hân der ek net foar om. Mar premier Rutte (VVD) is kampioen en de nije fraksjelieder fan de VVD, Klaas Dijkhoff, liket dat ek wurde te wollenDe opposysje lit ik efkes bûten beskôging.

Swakte
Just by konkrete kwestjes komt politike swakte it dúdlikst nei foaren. Benammen as it oer de praktyk fan al den dei giet, dêr’t minsken, ynwenners, organisaasjes lêst fan ûnderfine. It gedoch oer de gefolgen fan de gaswinning yn Grinslân toant dat goed oan. Mistige redenearringen troch minister Wiebes. Dy seit: “Wy binne der drok mei dwaande! Jo hawwe in goed punt; dat nimme we mei! Wy ûndernimme echt wol aksjes. Wy sille it ûndersykje litte”, en neam it allegearre mar op. Politike swakte! En sjochris nei it dwaan en litten oangeande it Bernepardon. Om te gûlen dochs?

Eachkleppen
Friezen, mar ek alle Nederlanners dy’t it politike nijs folgje, hawwe gjin eachkleppen op. De measten sjogge dwers troch alle politike spultsjes hinne. Soms al hiel jong. Sjoch bygelyks nei jongelju yn België, Dútslân en no ek yn Nederlân. Jongelju komme yn it spier foar in Better Klimaat! Dy rinne dus net mei eachkleppen op. Dy komme op foar harren eigen takomst op in leefbere ierde. Dy tinke net allinne oan eigen takomst, mar – sa jong as se binne – ek oan de takomst foar harren bern en bernsbern. Dy tinke folle fierder foarút as politisy dy’t net fierder sjogge as fjouwer jier: haw ik myn sit dan noch wol? Geweldich!

Feroare ferhâldingen
De lêste tsien, fyftjin jier binne de grutte politike streamingen as de VVD (liberalen), PvdA (sosjaaldemokraten) en it CDA (kristendemokraten) lytser wurden. Tagelyk binne yn deselde tiid lytsere lokale partijen oer hiel Nederlân útgroeid ta bestjoerderspartijen. Yn de measte gemeentebestjoeren sitte wethâlders fan lokale partijen. Hawwe de gruttere bestjoerderspartijen te lang de hâlding fan We rule this country útstriele? Ik bin der wis fan.

jannewaris 26, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Doeke Kuipers jannewaris 28, 11:19

    Wie earder “geduld… in goede saak”, dit geliich en gedraai yn de polityk freget om in “ûngeduldige oanpak”!! Arno Brok moat hjir yngripe ynstee fan “alles wat hjir sa moai is oanleune te litten! De fryske jeugd komt hjirfoar net mear oerein……de takomst fan Fryslân sjocht der derom net te best út??

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.