FNP begjint meldpunt bedrige doarpstradysjes

jannewaris 5, 2019 08:19

Aant Jelle Soepboer: ‘Oerheid wol him te folle yndekke’

Karbidsjitten yn Ie op âldjiersdei. Foto © Marcel van Kammen

Fryske plattelânstradysjes steane ûnder druk troch gemeentefúzjes en nije regels. Optochten mei fersierde weinen steane faai en karbidsjitten wurdt op guon plakken dreech makke. De FNP begjint dêrom in provinsjaal meldpunt foar klachten oer trochsketten regeljouwing.

In soad foarsjenningen op it plattelân ferdwine, mar de sosjale koheezje bynt de minsken noch. Krekt dat doarpsgefoel wurdt no troch tal fan faktoaren bedrige. Ien fan de grutte oarsaken is it fusjearjen en opskalen fan gemeenten.

In twadde oarsaak is dat oerheden harren bytiden op syn Amerikaansk yndekke wolle, sjocht riedslid Aant Jelle Soepboer út Nijewier. “Gjinien doar mear ferantwurdlikheid te dragen of te jaan”, fernimt er. “Wylst je minsken en doarpen júst eignerskip en ferantwurdlheid jaan moatte! Regels dy’t ea betocht binne om by eksessen yngripe te kinnen, wurde no brûkt om op foarhân te hanthavenjen. Frijwillgerswurk wurdt sa in burokratysk moeras.”

Soepboer kaam yn aksje doe’t út in skriuwen fan de gemeente bliek dat in jeugdoptocht mei fersierde weinen troch de doarpen fan 2019 ôf net mear winsklik wie. Ald-boargemaster Waanders sei dêrnei ta dat der neffens har yn 2019 noch riden wurde mocht en dat de tradysje heech op de nije riedsaginda komme soe. De FNP-fraksje yn Noardeast-Fryslân freget lykwols opnij oandacht foar de optochten no’t it derop liket dat de gemeente dochs gjin tastimming jaan wol foar de optocht fan Anjum.

Mear foarbylden
Keatsferiening OKK yn Bitgum moast fan Waadhoeke ynienen oeral stekken delsette. Deselde gemeente woe it sintraal ynsammeljen fan krystbeammen opdûke, wat de FNP-fraksje keard hat. Eveneminten yn Marssum smite neat op, fanwege de kosten fan parkearwachten en befeiligers. Yn doarpen fan it eardere Littenseradiel rint de fergunningferliening foar eveneminten net soepel mear nei de oername troch Ljouwert. En it Kallemooifeest op Skiermûntseach leit lânlik ûnder in fergrutglês.

Al soksoarte saken meitsje in soad los op it plattelân, oant in ‘stille tocht’ yn Sint Nyk ta. De provinsjale FNP ropt dêrom op om ûnderfiningen mei trochsleine regeljouwing en bedrige doarpstradysjes te melden fia meldpunt@fnp.frl.

jannewaris 5, 2019 08:19
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Piter jannewaris 5, 13:50

    Tige goed inisjatyf! De reginten sille besykje bliuwe en lizze it near op it mienskipseigene om it te ferfangen troch harren globalystyske ideology. Lokkich sjogge wy hieltyd mear ferset dêrtsjin.

  2. Hâns J. Weijer jannewaris 5, 17:59

    Yndied, de oerheid moat net te skiterich wurde. Jou ‘lokaal’ de romte dy’t it fertsjinnet. Lokaal tefreden, foar gedonder gjin reden!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.