Fjouwer Fryske dichters op toernee troch Denemarken

jannewaris 17, 2019 08:38

De Fryske dichters Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper, Syds Wiersma en Geart Tigchelaar sille yn de wike fan 11-17 maart nei it Deenske Aarhus. Hja sille dêr optrede en oersette, mar benammen mei nij wurk teset. It plan is om yn ’e mande mei Deenske dichters te kommen ta in twatalige dichtbondel dy’t meidertiid by Utjouwerij Hispel útjûn wurdt.

Foto: Pieter Postma

Aarhus wie yn 2017 kulturele haadstêd, lykas Ljouwert ferline jier. Om dy reden hat de Deenske proazadichter Carsten René Nielsen ôfrûne simmer in lytse wike yn Ljouwert taholden. Dy gearwurking wurdt trochset, trochdat de fjouwer dichters útnûge binne troch Aarhus Litteraturcenter om nei Denemarken te kommen. Teffens is der in optreden regele by Poesiens Hus yn Kopenhagen. Fierders sille de fjouwer Fryske dichters yn ’e wike dat se yn Denemarken binne wurk oersette fan fjouwer Deenske dichters.

De útwikseling yn maart kriget yn 2020 in ferfolch, mei’t dan de tredde edysje holden wurdt fan it Aarhusiaanske ynternasjonale literatuerfestival: LiteratureXchange. Dy kear steane lytse talen en minderheidstalen sintraal en sil de dichtbondel, dêr’t yn maart in begjin mei makke wurdt, presintearre wurde.

jannewaris 17, 2019 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.