Feyenoord frijwat better as Ajax

jannewaris 27, 2019 16:46

Yn Hollân wurdt frijwat optein reagearre op ‘e balskopkriich tusken de Rotterdamske klup Feyenoord en de Amsterdamske ploech Ajax. Spullen tusken dy twa binne wat it gefoel oangiet yn it westen wol wat te ferlykjen mei Cambuur tsjin SC Heerenveen.

Feyenoord die it frijwat better as Ajax. De klup fersloech de Amsterdamske tsjinstanners mei 6 om ‘e 2 yn in earedivyzjewedstryd. It swakke spul fan Ajax makket dat PSV no kâns hat en spylje noch om ‘e lânstitel.

Botte fleurich liket it ynearsten net foar Feyenoord. Lasse Schöne fan Ajax makke fuort by in frije traap al in doelpunt. Jens Toornstra makke dêr nei in kertier lykwols lykspul fan. Nei in healoere makke earst Steven Berghuis en doe Hakim Ziyech in doelpunt, dat doe stie der 2-2 op it skoareboard. Fan dat stuit ôf koene de Amsterdammers net mear lykhâlde. Robin van Persie makket twa doelpunten, Tonny Vilhena en Yassin Ayoub elts ek noch ien.

jannewaris 27, 2019 16:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.