Henk Wolf: Ferjierdei

jannewaris 5, 2019 16:23

Troch Henk Wolf

Yn ‘e Wâlden heart men geregeld it wurd ‘ferjierdei’. Koartlyn hearde ik fan ien dat se har dêroan steurde, mei’t it neffens har gjin goed Frysk wie. Dy yndruk kin licht ûntstean, mar terjochte is er net.

Wa’t yn wat âldere teksten dûkt, komt al fluch allegear foarkommens fan ‘ferjierdei’ tsjin. Yn de Friesche rymlery fan Jan Althuysen komt it ferskate kearen foar (skreaun as ‘forjierdey’ of ‘forjyerdey’) en dat boek is yn 1755 útjûn. It Nederlandsch-Friesch woordenboek fan Wumkes en De Vries út 1918 jout as oersetting fan ‘verjaardag’: ‘forjierdei, jierdei’ (mei ‘forjierdei’ sels foarop). Yn de Akademywurdboeken Nederlânsk-Frysk en Frysk-Nederlânsk fan Buwalda, Meerburg en Poortinga út 1952 en 1956 komt it gewoan foar. As oersetting fan ‘verjaardag’ stiet der ‘(for)jierdei’ en ‘forjierdei’ is in eigen lemma yn it Frysk-Nederlânske diel.

Hjoed de dei wurdt ‘ferjierdei’ yn de skriuwtaal mijd, nei alle gedachten omdat it net yn de nijere wurdboeken stiet. Foar safier’t ik neigean koe, is dy kar makke yn de jierren tachtich. Yn 1984 kaam it fernijde Akademywurdboek Frysk-Nederlânsk fan Zantema út en dêryn ûntbrekt ‘ferjierdei’ as lemma. In jier letter is it Nederlânsk-Fryske diel fan Visser ferskynd en dat neamde as oersetting fan ‘verjaardag’ allinne mar ‘jierdei’. It Klein Fries woordenboek fan Van Goor út 1988 hat it wurd ek net mear opnaam. Yn de wurdboeken dy’t opnaam binne op taalweb.frl is ‘ferjierdei’ net te finen en de staveringshifker beneamt it te’n ûnrjochte as ‘hollanisme’.

It iennichste wurdboek fan nei 1980 dêr’t ik ‘ferjierdei’ noch yn fine koe, is it Wurdboek fan de Fryske Taal, yn diel 5 út 1988. Dat it dêr wol yn stiet, is net sa nuver, want it wurdboek is basearre op in folle âldere samling teksen en boppedat is it in wittenskiplik, beskriuwend wurdboek, dat yn prinsipe alle Fryske wurden opnimt. By it lemma ‘ferjierdei’ kin men lêze dat it wurd ûnder oaren yn Wûnseradiel (1932), yn Frjentsjer of omkriten (1975) en op ‘e Lemmer (1978) oantroffen is. Oft it dêr no noch brûkt wurdt, is spitigernôch net yn de moderne wurdboeken te finen.

‘Ferjierdei’ yn de Friesche rymlery fan Jan Althuysen (1755)

 

Op taalweb.frl wurdt ‘ferjierdei’ as hollannisme betitele

jannewaris 5, 2019 16:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.