Fergees spultsje: Anty-Fryske-Klisjees-Bingo

jannewaris 27, 2019 15:50

Falt it jo ek op dat der yn diskusjes oer de Fryske taal hieltiten deselde anty-Fryske klisjees brûkt wurde? Jo kinne dertsjin yngean of grammitich mei de hannen oerinoar yn in hoekje krûpe, mar dêr wurde jo op ‘t lêst neat wizer fan. Jo kinne der ek in spultsje fan meitsje, allinnich of mei oaren. Dan moatte jo ris sjen hoe’t de anty-Fryske diskusjedielnimmers reagearje as in spiler ynienen ‘Healwei!’ of sels ‘Bingo!’ ropt. En jo kinne der ek noch in priis oan oerhâlde.

Hjirûnder stiet in ôfbylding fan de bingokaart yn in lege resolúsje. In moaiere ferzje stiet yn it taheakke PDF-bestân. Dat kinne jo útdraaie en dan kinne jo fuort oan ‘e slach. In protte wille!

Klik hjir foar de PDF-ferzje.

jannewaris 27, 2019 15:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.