Feie Fonyk: Wy komme deryn om

jannewaris 26, 2019 19:04

Wy hawwe yn Ljouwert sûnt novimber 2017 in recycle boulevard, in “kringloopwinkel” fan 8000 fjouwerkante meter. It is ien fan de grutsten yn Nederlân, miskien wol de grutste. Se dogge oan sirkulêre ekonomy. Wat in oar net mear brûke kin, kriget hjir in nij libben. In oare grutte kringloop is dy fan Kollumersweach, de Lichtpuntloads. Ik kom by beide bedriuwen, soms om wat te sykjen, meastal om te sneupen. Ik bin net keapsiik, mar it Lichtpunt hat in moaie kolleksje boeken dy’t boppedat oersichtlik op de planken steane. Dus kom ik út en troch mei wat thús. Beide bedriuwen sawol yn Ljouwert as yn Kollumersweach hawwe alles goed op oarder. It Lichtpunt foar it goede doel fan syn stichting, Ljouwert biedt wurk en ûnderfining oan in soad minsken. As se net oppasse, fersûpe kringloopwinkels yn it guod dat se krije. Der steane yn Kollumersweach dan ek twa grutte konteners. My tinkt dat se der alles yn smite wat net te ferkeapjen is.

Wy soene mei-inoar beslute kinne om neat mear te keapjen,

mar dan stoart it hiele ekonomyske systeem yn.

Ik bin op it stuit fan Annegreet van Bergen Gouden jaren – Hoe ons dagelijks leven in een halve eeuw onvoorstelbaar is veranderd oan it lêzen. Ien fan de haadstikken giet oer Afval en Hergebruik. Se sketst hoe sunich de minsken yn de jierren fyftich wiene en hoefolle der tsjintwurdich weismiten wurdt. Tagelyk mei it tanimmen fan de wolfeart is de berch húshâldlik ôffal tusken 1950 aardich groeid. Dy is mear as fjouwer kear sa grut wurden. Benammen by de kringloopwinkels kinst sjen hoe ryk oft wy de ôfrûne fyftich jier wurden binne. Ik tink dat it grutste part fan it guod fan ferstoarne minsken komt. De famylje hat der gjin belang by.

Doe’t ús mem seis jier ferlyn ferstoar, hawwe in pear buorlju en wat famylje in lyts part krige. De kringloop hat it hûs dernei leech helle, mar se woene net alles meinimme. Wat stean bleau, is troch gemeentewurken ophelle. No komt my wer yn ’t sin hoe’t it nei it ferstjerren fan myn muoike fan 91 yn Schiedam gie. Nei har dea – se hie gjin bern – hawwe in neef fan my en ik alles ôfhannele. In pear dingen giene nei famylje. Doe hawwe wy in opkeaper komme litten. “Wat jouwe jo derfoar?’, wie ús fraach. It bleau efkes stil en doe sei er: “Als u mij tweehonderd euro geeft, lever ik de flat schoon op.“ Wy seagen inoar oan. It is trochgien en doe’t ús mem – dy’t doe noch libbe – hearde hoe’t fan de earste ferdjipping ôf “in moaie kast” oer it balkon nei ûnderen goaid wie, spruts se der skande fan. Se hie him sels net hawwe wollen.

As ik yn ferkiezingstiid it wurd keapkrêft hear en dat dy fergrutte wurde moat of yn elts gefal op itselde nivo bliuwe, dan moat it tinke oan wat ik niis krekt skreaun haw. Wy soene mei-inoar beslute kinne om neat mear te keapjen, mar dan stoart it hiele ekonomyske systeem yn.

jannewaris 26, 2019 19:04
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Eric jannewaris 29, 15:57

    Freegje dysels earst ris ôf wêrom dy winkels as poddestuollen út de grûn sketten binne yn de lêste 20 jier. Twadieling yn de maatskippij. Mar dat fernimt de babyboomer net yn syn wolfeartsbubbel.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.