Feie Fonyk: Wat wol it folk?

jannewaris 17, 2019 19:05

Der binne minsken dy’t tinke dat twa mear witte as ien. Dat sil grif sa wêze. Der binne ek minsken dy’t tinke dat de mearderheid it by de goede ein hawwe sil, as it om in beslút oer net ienfâldige saken giet. Dan komme se bygelyks mei in foarbyld. Stel datst it gewicht fan in ko riede moatst. It docht bliken dat de trochsneed skatting fan al dy minsken dy’t meidien hawwe aardich yn ’e buert fan it werklike gewicht fan de ko komt.

Der binne minsken dy’t fine dat it folk oeral oer meibeslisse moat en datst soks net oerlitte kinst oan de polityk. It wie ien fan de kroanjuwielen fan D66: just ja, it referindum. Dat healwize referindumidee is ien fan de redenen wêrom’t ik nea fan myn libben op D66 stimme sil. No wie ik soks dochs al net fan plan, sels net no’t se dat stomme referindumidee oan ’e kant skood hawwe.

In folk is net saakkundich

Wa’t noch altyd net oertsjûge is fan de healwizens fan folksriedplachtsjen, soe sjen moatte wat de gefolgen yn Ingelân binne. It lân is troch de Brexit yn in gaos stoart. De lju dy’t it in goed idee fûnen om by it folk te riede te gean oer it wol of net ûnderdiel te bliuwen fan de EU, soene harren de eagen út ’e kop skamje moatte no’t se sjogge wat de gefolgen binne.

De konklúzje is dúdlik. As it om it rieden fan it gewicht fan in ko giet, ja wis freegje dan sa folle mooglik minsken. De measte saken dêr’t de polityk oer giet, binne gâns yngewikkelder. Soks moatte jo oerlitte oan saakkundigen dy’t de gefolgen fan in beslút oersjen kinne.

Ik bin al lang bliid dat ik net oeral in miening oer hoech te hawwen, lit stean dat myn stim mei wage soe. Fansels is de beslútfoarming yn ús lân sjerpeftich, mei wiidweidich oerlis. Mar jou my mar it Nederlânske politike systeem, dat gâns better is as dat fan de measte oare lannen. Yn de Feriene Steaten hawwe se harren ferstân al ferlern mei it ferkiezen fan Trump, it Feriene Keninkryk docht it op it stuit net folle better.

jannewaris 17, 2019 19:05
Skriuw in reaksje

10 opmerkingen

  1. Th. Folkstra jannewaris 18, 16:36

    Fonyk kin better nei Switserlân sjen. Dat is in oar ferhaal en slút moai oan by it idee fan de Fryske Frijheid. Baas op eigen hiem dus en de minsken der goed by behelje. Dan binne referinda fierwei de meast gaadlike ynstruminten om it eigen folk (de ‘demos’!) te rieplachtsjen en ta besluten te kommen. Soks kin men net útbesteegje oan (Haachsk) frjemdfolk.

  2. M. Waarstra jannewaris 18, 19:43

    It probleem is no krekt, Feie, dat der troch polityk en “tafels” (klimaat, Lelystêd) net harke wurdt nei saakkundigen en fansels ek net nei de boargers fan ús sabeare “demokrasy”.

  3. Bertrand jannewaris 18, 21:38

    Komplekse problemen kinne net yn in binaire fraach delskreaun wurden. It risyko bestiet dat it referendum weikaapt wurd foar oare belangen as de earste fraach.

  4. RobMokum jannewaris 19, 11:44

    It ôfskaffe fan’t referindum hâldt foar my krekt yn dat ik nea wer op D’66 stimme sil. En de brexit hoecht hielendal net sa gaotysk te gean as no. Brussel is eangstich dat oare lannen ek wol fan harren demokratyske rjochten brûknis meitsje sille (krekt as is selsbeskikking eat slims). Der is troch in soad politisi sein dat it it FK pine dwaan moast om in foarbield te jaan. As in houlik stikkenrint wolst dochs better as freonen út inoar liket my ta. En dat Merkel en Macron no yn in hegere fersnelling fierder wolle mei’e Jeropeeske yntegraasje jout oan dat se noch altyd net begripe wêrom’t de Britten derút wolle. Mei harren healslimme plannen meitsje se de wjerstân fan kritisi allinnich mar grutter en kreëarje se harren eigen doemsenario.

  5. Kerst Huisman jannewaris 19, 13:01

    Probleem by de referinda, lykas dy oant no ta yn Nederlân opset binne, is dat dy hieltiten yn in tige omstriden kontekst plakfûnen. Dêrtroch koenen se ek hiel maklik as knoffelich delset wurde. Mar ik wit aardich wat yn de praktyk fan referinda yn Switserlân, en dêr hearre jo sokke lûden noait. Dêr wurket it prima. Ik fyn sadwaande, dat wy it Switserkse systeem hjir ek hawwe moatte, mei de kantonale sûvereiniteit dy’t dêrby heart. Dat soe benammen yn Fryslân en Grinslân bêst al ynfierd wurde kinne. It soe ek in treflik antwurd wêze op alle ûnheil dy’t yn De Haach útbret wurdt.

  6. Eric jannewaris 22, 14:33

    It folk is net saakkundich mar de bestjoerselite noch folle minder.En meastepart korrupt want op de (takomstige) leanlist fan grutte bedriuwen en organisaasjes.

  7. Hollân wint jannewaris 22, 20:18

    Der binne hjoed-de-dei frij goede medisinen tsjin waanideeën hearen.

  8. Hâns J. Weijer jannewaris 23, 12:13

    Referenda beheine ta riejaande. Dêrnei kin de polityk har der noch oer bûge en tefoaren komme dat de ‘waan fan de dei’ de oerhân krijt. Dûbeldop fansels m.o.w. ek de Earste Keamer derby belûke. Duorret wat langer, mar dan ha je ek wat.

  9. Eric jannewaris 25, 11:59

    Anonime kolumnist, dat bylket wat skiterich. Wêr binne jo bang foar, Feie Fonyk?

  10. Piter Dykstra jannewaris 26, 14:30

    As it yn de polityk om saakkundichheid gie, dan koe men de minsken oars ek wol goed foarljochtsje. Mar saakkundichheid is net heal sa wichtich as macht. De parlemintêre demokrasy dy’t by alle beslissings 49 persint fan de minsken bûten spul sette kin, is foar de machthawwers goed genôch om harren posysje en fermogen foar harsels te hâlden.
    En referinda: as men jin ienris yn de 10 jier jo oer in ja/nee-fraach útsprekke meie, dan is it antwurd altiten foar of tsjin Europa; makket net út wat de formulearring fan de fraach is. Ús referinda binne sa suterich, as men se mei dy fan Switserlân ferliket.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.