Feie Fonyk: Tattoos

jannewaris 31, 2019 13:57

By in tatoeaazje tocht ik yn it ferline oan in piraat mei in lapke foar it each, in houten skonk, tatoeaazjes op de beide earmen en mei in papegaai op it skouder dy’t oars neat die as flokke. Wa wit hat dy Mitchell út Rotterdam oan sokke stoere manlju tocht, doe’t er in revolver en mear ûnsin op syn holle tatoeëarje liet.

Der binne in soad ûnnoazele minsken op de wrâld dy’t ûnnoazele dingen dogge. Ik sil it net hawwe oer myn eigen ûnnoazelens. Dochs binne der ûnnoazelen dêr’t myn ferstân wier stil by stiet. Lykas dus dy Mitchell, dy’t fan ‘e wike yn it nijs kaam, trochdat er gjin baan fine kin fanwegen syn, en lit ik no it gongbere wurd mar brûke, syn tattoos. No moat ik sizze dat ik ek net ien om my hinne hawwe woe mei in tatoeaazje fan in pistoal op syn gesicht en as ik in frommis wie, soe ik leaver in oare fint sykje. Byneed ien mei in tatoeaazje op syn kul.

De gemeente Rotterdam fergoedet de behanneling om dat pistoal derôf te lazerjen. Nederlân hinget oaninoar fan regels en wetten, mar as dat de útkomst is fan dat healwize gedoch, dan wurdt it heech tiid foar in wet dêr’t yn stiet dat minsken dy’t omreden fan it skeinen fan harren eigen lichem mei soksoarte geskilder gjin wurk fine kinne, gjin rjocht hawwe op in berop op de Partisipaasjewet, sa’t dy wet foar jildlike stipe tsjintwurdich hjit. En moatte de bedriuwen dy’t tatoeaazjes oanbiede, ferplichte wurde om de klanten skriftlik te ynformearjen oer de gefaren en beswieren, lykas de warskôgingen tsjin smoken. Tatoeaazjes ûnder de achtjin jier moatte altyd ferbean wêze.

Wat binne de driuwfearen fan dy beskilderingen?

Eartiids tocht ik dat allinne fuotballers, seelju en soksoarte folk tatoeaazjes sette lieten, mar ik haw begrepen dat dy ôfwiking oeral te finen is. Sels yn de heechste fermiddens. Dan meastal op plakken dêr’tst it net sjen kinst. Ik freegje my ôf wat de djippere driuwfearen binne. Status, by in groep hearre, foar de moai, wanleauwigens, of bining oan de leafste (dat liket my riskant, sjoen it tal skiedingen, aanst bist der moai klear mei: de namme fan dyn partner op it boarst, rêch, skonk of earm, wylst mei in oar op bêd leist). Ik soe it net wite. Ik seach yn it swimbad fan Burgum in man dy’t op ’e rêch “I’m still alive” tatoeëarje litten hat. Ik freegje my ôf oft se dat der by syn dea ôflazerje litte.

Yn it diereryk meitsje dieren harren moai om in partner te finen. Tink oan in pau, of in mandril mei sa’n reade kont. Wat grutter fearren en wat reader kont, wat grutter neiteam. Sa wurket de evolúsje. Us minskewyfkes jouwe kapitalen út oan sinleaze smarsels, mar it skynt dat guon manlju dêrop falle, of dat dy froulju tinke dat manlju dêrop falle. Dat kin ek. Jou my mar in Fryske boerefaam sûnder tatoeaazjes en al dy smarsels

jannewaris 31, 2019 13:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.