Feie Fonyk: Nashville

jannewaris 10, 2019 16:10

Kollum

By Nashville tocht ik oant foar koart allinne oan country- en gospelmuzyk. Oan Johnny Cash dy’t dêr op 71-jierrige leeftyd ferstoar op 12 septimber 2003 yn it Baptist Hospital. Oan it Cashmuseum dat der no stiet. Oan syn ‘Blue eyed Tennessee girl’ dêr’t er oer sjongt. Ik tocht oan drank en drugs en oan it yngripen yn it libben fan Cash troch de HEERE sels. Ik tocht by Nashville oan de rivier de Cumberland mei fan dy boaten mei grutte skoeperêden.

Mar no lês ik dat der yn 2017 in ferklearring opsteld is troch in stikmannich foargongers fan de Baptistemienskip yn dy stêd. De Nashville declaration. En dêr stiet fan alles yn oer it houlik en oer seks. Undertusken is de ferklearring oerset yn it Nederlânsk en ûndertekene troch sa’n 200 foarmannen fan it kristlik leauwe yn ús lân. Dêr is in soad ophef oer. Bygelyks oer de hantekening fan Twadde Keamerlid Kees van der Staaij fan de SGP. Dat liket my net nedich.

Wa’t fertroud is mei de Bibel, dy wit dat de HEERE God it net stean hat op manlju dy’t it mei manlju, en froulju dy’t it mei froulju dogge. Lês Levitikus 18 der mar op nei. Yn ferbân mei de wrâldwide oerbefolking liket my der alles foar te sizzen dat manlju it just wol mei manlju dogge en froulju mei froulju. Wat dat oangiet jout de katolike tsjerke al iuwen in goed foarbyld. Harren foarmannen dogge it mei net ien. Ik haw begrepen dat soks alteast de bedoeling is.

Gelokkich hat God him net allinne dwaande holden mei regels foar de seks, mar ek mei wetjouwing foar it iten. Spitigernôch gjin oanwizingen tsjin fretterij. Sadwaande is no in grut part fan de befolking fan Nashville fierstente swier. De HEERE hat wol dúdlik warskôge datst gjin strúsfûgels, ûlen en sparwers ite meist, om mar net te praten fan hazzen, flearmûzen en gershippers. En net te ferjitten dat wyn en sterke drank ferbean is.

Hat Kees van der Staaij 

ek in hazze op ‘e tafel hân mei de Kryst?

Sjoch, ik kin my goed begripe dat dy lju yn Nashville sa stadichwei argewaasje krije fan it tsjintwurdige folk dat gjin weet mear hat fan it bibelboek Levitikus. Yn dy tiid koest ien dy’t flokte gewoan deasmite mei stiennen, en slaven mochtst keapje fan buorfolken. Kom der no ris om.

Der binne moderne teologen dy’t besykje út te lizzen dat it net sa bedoeld is, want de HEERE HEERE is leafde. O ja, sis ik dan. Hy hat syn eigen soan oan it krús slaan litten en yn de it Alde Testamint stean de grouwélichste ferhalen. It is dêrom net om ’e nocht dat Karel van het Reve in essee skreaun hat mei as titel De ongelooflijke slechtheid van het opperwezen. Gelokkich litte fierwei de measte kristenen har liede troch Jezus en syn gebod om de neiste leaf te hawwen as harsels.

Wat ik my ôffreegje is oft Kees van der Staaij mei de Kryst ek in hazze iten hat en oft er jûns as er thúskomt fan de Twadde Keamer in jonge jenever nimt. Yn syn rûnten skynt soks dien te wurden. Fierder moatte wy ús mar net drok meitsje oer sokken as Van der Staaij en dat hantsjefol predikanten en wat sy wichtich fine. Soks stjert fansels út.

jannewaris 10, 2019 16:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.