Fan libben en dea: bondel trije resinte toanielstikken Bouke Oldenhof

jannewaris 11, 2019 09:12

Yn de tredde wike fan jannewaris ferskynt by útjouwerij Bornmeer Fan libben en dea fan Bouke Oldenhof. It boek is in bondeling fan trije resinte toanielstikken mei in oerkoepeljend tema. Yn alle trije stikken stride minsken om in weardefol bestean wylst de dea altyd by har yn de buert is.

Ofbylding: Bornmeer

Feteranen (2015) luts mei Freark Smink en Joop Wittermans yn santich foarstellingen 15.000 minsken. It waard mei de Fedde en Martha Bergsmapriis bekroand as bêste toanielstik út 2012 oant en mei 2016. Yn it yntime foar dy nei dy (2016) fertelden Froukje Reitsema en Popke van der Zee wat it ferlies fan har bern mei harren die. It wie op in simmerjûn (2019) behannelet de aktuele tematyk fan it frijwillich libbensein.

De treffende tema’s, de lichte dialogen mei spitse humor en subtyl fertriet, en de brekberheid fan de personaazjes toane it masterskip fan Bouke Oldenhof, ien fan de belangrykste toanielskriuwers fan Fryslân. Earder ferskynden fan syn hân de Nederlânsktalige bondel De Rijpen en de Frysktalige bondel Fan letter soarch.

It wie op in simmerjûn wurdt fan healwei jannewaris ôf rûnom opfierd yn ’e Fryske teaters.

Fan libben en dea is te keap by de boekhannel en Utjouwerij Bornmeer

ISBN: 978 90 5615 491 2 | SIDEN: 176 | UTFIERING: Bûn NUR: 307/524 | TAAL: Frysk PRIIS: € 17,50

info@bornmeer.nl / www.bornmeer.nl

jannewaris 11, 2019 09:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.