Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (51)
Resint ferskynd

Jezus en de oerhuorrige frou – Pieter Bruegel de Alde
Wa’t sûnder sûnden is
De timpelautoriteiten bringe in frou by my dy’t mei in oare man omsloech. Se triuwe har nei foaren en sizze:
“Master, dizze frou is op ’e die by oerhoer betrape. Neffens de wet moatte wy sa’n frou mei stiennen deameitsje. Wat fine Jo dêrfan?”
Se binne derop út en lit my yn ’e fal rinne. Dan kinne se my oankleie. As ik har frijsprek, soe ik de Joadske wet brekke, en as ik oprop ta stiennigjen, de wet fan ’e Romeinske besetter.
Ik bliuw moai yn ’e hoksen sitten en skriuw mei de finger yn it stof, want ik bin dwaande in gelikenis gear te stallen en út ’e holle te learen. Se hâlde oan as storein, dat ik jou antwurd:
“Wa’t sûnder sûnde is, mei de earste stien smite!”
As ik dat sein haw, jouwe se har ien foar ien ôf, de foaroanmannen it earst. Ik meitsje dien wêr’t ik mei dwaande bin, jou my oerein en freegje oan de frou:
“Wêr binne se allegear? Hat gjinien jo feroardiele?”
“Nee, kenner fan holle en hert”, seit se. “Se joegen it oer, de ien nei de oar.”
“Wolno frou, ik feroardielje jo ek net. Gean hinne en doch tenei wat goed is.”
Och sok moai Frysk, hearlik!