Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (50)

jannewaris 19, 2019 08:47

Diel 7 Sûnde fan minske ta minske

Skieding

De teologen stelle my in strikfraach:
“Mei ien fan syn frou skiede, ek as er gjin goede reden hat?”
Ik antwurdzje:
“Hawwe jim net lêzen dat God man en frou beide makke hat nei syn byld? Dêrom geane se by har âlden wei en ferbine har mei-inoar yn it houlik. Man en frou binne dan net twa mear mar ien. Wat God ferbûn hat, moat de minske net skiede wolle. Mar de wet hat skieden tastien mei it each op ’e hurdens fan jim herten en de swakte fan it fleis. Nei in skieding moatte jim net wer deselde flater meitsje mar it goede dwaan.”

De learlingen sizze:
“As de ferhâlding tusken man en frou sa is, dan kin men mar better net trouwe.”
“Lykje myn wurden hurd? Kies dan better! Mar ast ferkeard keazen hast, haw dan berou, wês reedlik en jou dyn fouten ta. Dyn selskennis en dyn berou binne dyn foarspraak by ús Heit en Hy ferjout.”

“Net elkenien kin dit begripe, mar inkeld sy oan wa’t it jûn is. Der binne guons dy’t sa út ’e memmebûk kommen binne dat se troch har aard gjin belang by it houlik hawwe. En der binne guons dy’t troch de minsken sa makke binne dat se net trouwe. Mar der binne ek guons dy’t harsels sa makke hawwe omwille fan it keninkryk. As jim it manlike en it froulike ien meitsje, dat it manlike net mear manlik en it froulike net mear froulik is, troch te trouwen of net te trouwen, dan sille jim yngean ta it keninkryk.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
jannewaris 19, 2019 08:47
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. L jannewaris 19, 15:02

    @Hoekstra. De lêste alinea: Wêr yn e bibel stiet ditte?

  2. L jannewaris 20, 12:23

    Fermelding fan hok boek en fersen kin it mei ta, hear. Ik wol gjin diskusje úteinsette.

  3. Redaksje It Nijs jannewaris 23, 06:52

    Sjoch Mattéus 19:12.

  4. L jannewaris 23, 06:57

    Tige tank.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.