Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (49)

jannewaris 12, 2019 08:34

Earste oankundiging fan it lijen

Om myn boadskip mooglik te meitsjen, moat ik nei Jeruzalem ta. Ik sil lije moatte en ferachte wurde troch de prysters, it folk en de autoriteiten. Ik sil deamakke wurde en trije dagen letter sil ik opstean út ’e dea.”
Petrus nimt my geweken en seit:
“God mei ferhoedzje, Hear, dat Jo dat oerkomme sil. Sis dat net!”
Ik ûnderbrek him en sis:
“Hâld op, Satan, do bist in stroffelstien. Do wolst net dwaan wat God wol, mar watsto sels wolst. Wês net eigenikkich, krij dyn krús op en folgje My. Wa’t syn libben hâlde wol, sil it ferlieze. Wa’t it op doar te jaan, komt as nij op ’e wrâld. Wa soe him foar my skamje op dizze wrâld, dêr’t safolle kwea bedreaun wurdt. Ik skamje my foar wa’t him foar My skammet.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
jannewaris 12, 2019 08:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.