Eric Hoekstra út ‘Roman fan in hielmaster’ (48)

jannewaris 5, 2019 09:34

Kening fan alle folken

Mozaykôfbylding fan Jezus (muorre Sint-Gregoariustsjerke yn Niksar, Turkije)

Ik nim myn learlingen mei nei in moai plak yn Galileä, deunby Caesareä Filippy, in net-Joadske stêd. Dêr helje ik oan wat ien fan ’e profeten sein hat:

As frjemdfolk by de Hear hearre wol
om My te tsjinjen, myn namme te earjen
en har by myn keppel te jaan
en te libjen yn ’e grutte geboaden
dan meie sy wenje yn myn hûs.
Myn hûs hat in protte keamers.
It sil in hûs fan gebed
foar alle folken wêze.

Dan freegje ik har:
“Wa sizze de minsken dat de Minskesoan is?”
En sy sizze:
“Johannes de Doper.” En “Elia.” En “in profeet.”
Ik freegje:
“En jim, wa tinke jim dat ik bin?”
Dêrop seit Simon Petrus:
“Jo binne de Kristus, de Soan fan ’e libbene God, de Caesar fan ’e Ivichheid, de Hear fan ’e Uneinichheid.”
“Moai sein, Petrus. God hat dy dat ynflústere. En do bist Petrus, de earste stien op ’e rots dy’t ik bin. Ut jim sil ik myn mienskip bouwe. Jim sille ien wêze yn jim leafde foar my en dy leafde sil jim yn steat stelle om faninoar te hâlden as fan jimsels. Folgje my en jou it goede foarbyld en in protte sille jim folgje. Ferkundigje oan alle folken myn boadskip fan blidens en fertrouwen.

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.

 

jannewaris 5, 2019 09:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.