Earste gearkomsten lânskipsferbettering in súkses

jannewaris 2, 2019 10:05

Al sechtich grûneigners yn it gebiet fan de Sintrale As hawwe har oanmeld foar lânskipsferbettering. Dat diene se nei oanlieding fan de ynformaasjegearkomsten dy’t ein novimber yn de regio holden waarden.

Lânskipsferbetteringsprojekt
Yn it lânskipsferbetteringsprojekt hat de provinsje Fryslân de hannen yninoar slein mei de feriening Noardlike Fryske Wâlden en yngenieursburo Antea Group. Mei-inoar wurket se oan in op de takomst rjochte ûntwikkeling fan it lânskip om de Sintrale As hinne. Yn gearwurking mei lânskipseigners en -brûkers wurdt sjoen nei de mooglikheden fan it ferbetterjen fan lânskipseleminten. Dêrby kin tocht wurde oan elzesingels, houtwâlen en oerbleaune puollen en pingo’s út de iistiid.

Kaart gebiet Sintrale As (Provinsje Fryslân)

Mear ynformaasje
Wa’t as grûneigner yn it gebiet fan de Sintrale As sjen wol oft it lânskipsferbetteringsprojekt ek wat foar him is of dêr earst mear ynformaasje oer ynwinnew wol, kin kontakt opnimme mei de Feriening Noardlike Fryske Wâlden fia 0511 – 745200 of info@noardlikefryskewalden.nl of op de webside sjen. Belangstellenden kinne har noch oanmelde oant ein 2019.

Gebietsûntwikkling Sintrale As
De wurksumheden wurde útfierd yn opdracht fan Gebietsûntwikkeling De Sintrale As. De dyk sels leit der, mar no is it gebiet oan bar. Yn gearwurking mei gemeenten, maatskiplike organisaasjes en ynwenners wol de provinsje Fryslân it gebiet noch moaier, sterker en oantrekliker meitsje foar ynwenners en toeristen. Dat bart bygelyks troch natuer te ûntwikkeljen, de leefberens yn doarpen grutter te meitsjen, lânboustruktuer te fersterkjen en nije fyts- en kuierpaden oan te lizzen. Dy fêststelde maatregels en projekten foarmje de gebietsûntwikkeling.

jannewaris 2, 2019 10:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.