Doelen foar Welsk op skoalle geane in ein omheech

jannewaris 19, 2019 13:16

It Welske ûnderwiis giet op ’e skeppe. Fan 2022 ôf begjinne nije learlingen yn in folslein nij skoalsysteem. It ferskil tusken basisûnderwiis en fuortset ûnderwiis wurdt dêrby foar in grut part opheft. Om ’e trije jier is der in brede toets om te sjen oft learlingen in ferwachte minimumnivo hat. Alle learlingen dy’t better kinne, krije de gelegenheid om yn har eigen tempo in heger nivo te heljen.

In grut ferskil is dat de tradisjonele skoalfakken foar in grut part ferdwine. Se wurde ferfongen troch seis ‘leargebieten’: keunst, sûnens, talen, rekkenjen/wiskunde, geasteswittenskippen, bêta-wittenskippen. Fan alle learkrêften wurdt ferwachte dat se learlingen trene yn talen, rekkenjen/wiskunde en kompjûterfeardichheden. Dy feardichheden wurde folle mear yntegrearre yn oare fakken. Learkrêften dy’t dat noch net kinne, kinne dat de kommende jierren byleare. De Welske oerheid hat jild reservearre foar in grutskalich kursusoanbod foar alle leararen. Neffens ynformaasje fan de Welske oerheid kin 34 persint fan de leararen yn Wales it Welsk maklik prate en skriuwe.

Benammen foar it Welsk sil it ferskil grut wurde. It Welsk wurdt op it stuit op trije manieren oanbean. Guon skoallen brûke it Welsk as fiertaal foar alle fakken, oaren brûke it Welsk en Ingelsk ôfwikseljend as fiertaal en wer oaren jouwe alle fakken yn it Ingelsk en Welsk as fak. It lêste skoaltype ferdwynt. Welsk moat oeral yntegrearre wurde. It doel is dat alle learlingen as se sechtjin jier âld binne it Welsk prate, ferstean, skriuwe en lêze kinne op it nivo dat Welsktalige bern no hawwe. Dat kin allinnich mar as se deroan wend reitsje om har deistige dingen foar in part yn dy taal te dwaan.

Guon skoallen hawwe op it stuit aparte klassen foar Welsktalige en Ingelsktalige learlingen. Dat mei net mear. Skoallen moatte alle bern yn prinsipe fan it earste stuit ôf as twatalich behannelje. Bern dy’t net meikomme kinne, moatte bûten skoaltiid byspikere wurde, sa’t dat by Ingelsk en oare fakken ek it gefal is.

Neist in soad wurdearring foar it nije skoalsysteem is er ek krityk. Skoallen binne benammen benaud dat it te ambisjeus is en dat it tefolle jild kostje sil. Der wurdt ek sein dat de hege ferwachtings op it mêd fan de Welske taal ûnearlik binne foar net-Welsktalige learlingen. Tim Pratt fan de koepelorganisaasje fan Welske skoallieders ASCL Cymru, seit: “Wy binne optein oer de plannen om alle bern de kâns te jaan om flot meartalich te wurden. Dochs wolle wy derop wize dat derfoar soarge wurde moat dat net-Welsktalige bern gjin neidiel ûnderfine fan te hege easken dêr’t se mooglik net oan foldwaan kinne. Wy sille mei de Welske oerheid beprate hoe’t dy tinkt dat de belangen fan alle bern yn Wales tsjinne wurde kinne.”

It Welske regear docht te witten: “Skoallen meie sels witte hoe’t se oan de easken foldogge. Dat sil moatte troch mooglikheden te sykjen om learlingen yn it Welsk harkje, lêze, prate en skriuwe te litten. Dat kin by ferskillende fakken, mar ek bûten lestiid.”

jannewaris 19, 2019 13:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.