Doarpskeamer foar Akkrum en Nes iepenet doarren

jannewaris 24, 2019 08:23

Doarpskeamer ED yn Akkrum/Nes wurdt sneon 26 jannewaris 2019 offisjeel iepene troch loko-boargemaster Jelle Zoetendal fan de gemeente It Hearrenfean. De beide doarpen krije dêrmei in romte, dêr’t minsken inoar moetsje kinne en meidwaan kinne oan aktiviteiten, dy’t wer troch elkenien organisearre wurde kinne.

Foto: Noordoost.nl/Alex J. de Haan

De doarpskeamer is fêstige yn in hierwente fan korporaasje Elkien oan de Rakswâl 19 yn Akkrum. De wenningkorporaasje hat dêr sels geregeld sitting foar syn hierders. De wente wurdt belangeleas oan stifting Doarpskeamer ED oan beskikber steld. Yn alle gefallen oant ein dit jier kin de doarpskeamer yn de wente bliuwe. Nijbouplannen meitsje dat de Elkien-wenten op de nominaasje stean om sloopt te wurden. De stifting is dêrom ek al op syk nei in nije lokaasje foar Doarpskeamer ED.

It inisjatyf foar de doarpskeamer komt fuort út de New York-dagen, dy’t yn twa wykeinen yn juny 2018 organisearre waarden. Elkien stelde foar de organisaasje twa wenten beskikber: it Teaterhûs as gearkomsteromte en it Kleanhûs as opslach foar klean fan de fiifhûndert akteurs, figuranten en frijwilligers. It Kleanhûs is no omtsjoend ta Doarpskeamer.

Alle wiken stiet Doarpskeamer ED tiisdeitemiddeis iepen foar besikers. Omwenners, doarpsbewenners en oare belangstellenden kinne lânskomme foar in praatsje, kopke kofje of tee. Der is ek gelegenheid om boeken te ruiljen. Doarpskeamer ED hat ferskate stellingkasten fol boeken oer de meast útinoar rinnende ûnderwerpen.

Sûnt de offisjeuze start yn novimber 2018 binne al ferskate aktiviteiten yn Doarpskeamer ED organisearre. It gie bygelyks om kreative middeis mei de krystdagen, in nijjiersynrin, útlien fan toanielklean en in buorljujûn. In groepke froulju hat in tal middeis mei harren naaimasines aktyf west. Der kinne bygelyks ek húskeamerkonserten, ynformaasjejûnen of oare aktiviteiten organisearre wurde. De earste twahûndert keapers fan it tige populêre tinkboek fan de New York-dagen koene harren eksimplaar yn de doarpskeamer ophelje.

De namme ED slacht op it kompjûterteken AT ofwol @, dat neffens de inisjatyfnimmers symboal stiet foar de ferbining dy’t de doarpskeamer foar de ynwenners fan Akkrum en Nes betsjutte kin. Foar de offisjele iepening binne alle ferienings, organisaasjes en klups yn Akkrum en Nes útnûge. Reden is dat Stichting Doarpskeamer ED alle doelgroepen berikke wol.

jannewaris 24, 2019 08:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.