Dick út Marsum by lêste tsien kandidaten Project Rembrandt

jannewaris 29, 2019 09:15 Fernijd

Yn it nije NTR-programma Project Rembrandt, is Annechien Steenhuizen yn acht ôfleverings op syk nei de bêste amateur keunstskilder fan Nederlân. Ut fyftich kandidaten binne tsien pasjonearre talinten keazen dy’t har yn in healjier tiid it âlde ambacht fan keunstskilder master besykje te meitsjen. De Fryske Dick wist it snein ta de lêste tsien te skoppen.

Dick (foto: © Ruben Timman, nowords.nl)

De pinsjonearre feteraan Dick (60) tekenet syn hiele libben al. Yn syn jierren as beropsmilitêr sketste er elts frij momint minsken en makke er cartoons. Mei dy cartoons ferfraaide er geregeld it personielsblêd fan Definsje. Pas nei syn pinsjonearring, sân jier lyn, is er fanatyk oan it skilderjen slein.

Eltse ôflevering fiere de dielnimmers nije opdrachten út, en folgje op dy manier de learlingen fan Rembrandt nei. Dêrby krije se in trening troch besiele dosinten, keunstneres Iris Frederix en ûntwerper & dosint Jaap Godrie, dy’t elk fiif dielnimmers ûnder har hoede nimme. Dick sil yn it programma begelaat wurde troch dosint Jaap, dy’t yn Dick seker potinsje seach.

De opdrachten bringe de skildertalinten nei prachtige lokaasjes yn Nederlân en moetings mei bysûndere persoanen. De wurken dy’t makke wurde, wurde beoardiele troch in fakkundige sjuery, besteande út Pieter Roelofs, haad skilder- en boukeunst by it Ryksmuseum en spesjalisearre yn 17e-iuwske Nederlânske skilderkeunst en Lita Cabellut, keunstneres. Pieter en lita wurde eltse ôflevering bystien troch in bysûnder gastsjuerylid. Mei-inoar bepale se alle wiken: wa giet der troch en wa falt der ôf?

Online kompetysje en masterklassen
De sjoggers thús kinne op projectrembrandt.nl alle wiken de masterklassen út de searje folgje en meidwaan oan in online kompetysje. De opdracht foar de wedstriid is it skilderjen fan in live posearre portret fan Annechien Steenhuizen. De bêste ynstjoerings meitsje kâns op in plak yn de publykssjuery yn de lêste ôflevering dêr’t de winner fan Project Rembrandt yn bepaald wurdt. Gean foar ti weromsjen, it lêste nijs en mear ynformaasje oer de dosinten, sjueryleden en dielnimmers nei projectrembrandt.nl.

Project Rembrandt wurdt sneintejûns om 21.20 oere útstjoerd op NPO1, fan 27 jannewaris o/m 7 april. Webside: projectrembrandt.nl of folgje it programma op Facebook.

jannewaris 29, 2019 09:15 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.