De Welske metoade: folle mear meartalige lessen op skoalle

jannewaris 30, 2019 14:31

Troch Henk Wolf

Juster fertelde in kollega my wat yn it Nederlânsk. Efkes letter hie ik it dêr mei in oare kollega yn it Frysk oer. Sy fertelde my ek wat nijs. Dêr socht ik op it Internet wat ynformaasje oer. Dy fûn ik yn in Ingelsktalich stik. Dêrnei mailde ik der mei in bûtenlânske kollega yn it Dútsk oer. Dy mailde my yn it Dútsk werom. Thús fertelde ik myn oarehelte wer yn it Frysk oer de dei.

It sil net foar elkenien jilde, mar in soad minsken meitsje op ien dei gebrûk fan mear as ien taal. Guon talen lêze of hearre se foaral, oaren prate se of skriuwe se foaral. Ynformaasje wurdt heeltyd wer op in oare manier, yn in oare taal ferpakt.

It aparte is dat it taalûnderwiis faak net rjochte is op in meartalige deistige praktyk. Foar elke taal wurdt op skoalle in aparte lestiid ynrjochte, mei aparte leararen yn aparte lokalen en mei aparte boeken en opdrachten. Pedagogen hawwe der ek tsientallen jierren lang foar warskôge om talen dúdlik te skieden, oars soenen bern en learlingen derfan yn ‘e war reitsje.

Dat ynsjoch is feroare en dat komt mei troch eksperiminten yn Wales. Ik hearde der yn 2012 foar it earst oer. Doe wie ik koördinator fan de trijetalige pabostream yn Ljouwert. Wy hienen in ekskurzje opset nei in universiteit yn Wales. Ik koe sels net mei, mar twa kollega’s gongen der mei de studinten hinne. Se kamen o sa entûsjast werom. Ta har fernuvering wie it ûnderwiis dêr rjochte op in meartalige praktyk. De Welske studinten wikselen heeltyd tusken talen, en leararen waarden derop treend om bern by alle fakken safolle mooglik talen brûke te litten. Ienfâldige manieren om dat te dwaan wienen: útlis jaan yn it Ingelsk en dêr fragen oer stelle yn it Welsk. Of: útlis jaan yn it Welsk, bern sels útmeitsje litte wat foar taal oft se der opdrachten by makken en de antwurden jaan litte yn it Ingelsk. Sa learden se de taal fan it lesboek of de útlis, begrepen se de stof better troch der yn har thústaal oer nei te tinken, learden se in foar har frjemde taal better troch der fragen yn te beantwurdzjen of deryn te lêzen, kamen se oer de praatdrompel hinne troch in taal te praten dy’t foar klasgenoaten de thústaal wie. Dêrtroch krige elke taal in kommunikative funksje en ferdwûn it idee dat in taal allinnich mar in thústaal wie of in taal foar literatuer of foar skoalle.

De Welske metoade wurdt yn it Welsk trawsieithu en yn it Ingelsk translanguaging neamd. Yn Nederlân is de metoade noch frijwat ûnbekend en as der al oer praat wurdt, dan wurdt er meast mei de Ingelske term oantsjut. In oantsjutting dy’t de makkers de eare jout en dy’t yn Fryslân neffens my goed brûkber wêze soe, is ‘de Welske metoade’.

Kollega’s fan my eksperimintearje op it stuit op in pear Fryske skoallen mei de Welske metoade. Se ha materiaal ûntwurpen foar fakken of projekten dy’t net op it foarste plak mei taal te krijen ha. De útlis is yn ien taal, learlingen meitsje opdrachten yn in oaren en wa’t in oare taal as Nederlânsk of Frysk praat, krijt de mooglikheid om dy taal te brûken by de ferwurking en om der ek wat fan hearre of sjen te litten. Neffens my is it in prachtige manier fan lesjaan dy’t der úteinlik ta liedt dat bern talen ek echt brûke en der dêrtroch better yn wurde en se as relevant beskôgje foar har meartalige dei.

Wêrom tink ik dat dat wurket? Wel, dat is benammen út myn ûnderfining en dy fan myn studinten. De oergrutte mearderheid fan myn studinten seit dat se de talen it bêste behearskje dy’t se yn ‘e praktyk tsjinkomme. Frysktalige studinten út de stêden of út de Stellingwerven ha der soms muoite mei om op kolleezje Frysk te praten, omdat it Frysk foar har net yn it hokje ‘skoaltaal’ sit. Moatte se bûten de lessen Dútsk, Frânsk of Ingelsk ris wat yn in frjemde taal fertelle, dan slagget dat har net. Wa’t lykwols in skoftsje yn it bûtenlân west hat, ûntwikkelet dêr de feardichheid om de taal fan it gastlân of de gastregio te brûken om oer de eigen ûnderfiningen te praten. Wa’t by syn stúdzje lesmateriaal yn in frjemde taal brûkt, leart om ynformaasje ta him te nimmen en der dêrnei yn de eigen taal oer te praten. Allinne gebeurt dat faak pas as minsken al studearje of wurkje, net al op ‘e basisskoalle of yn it fuortset ûnderwiis. Om my mei dat wol oars.

jannewaris 30, 2019 14:31
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Erwin2.0 jannewaris 31, 11:29

    It liket my in prima metoade ta. It liket rjocht te dwaan oan de meartalige realiteit fan Fryslân.

  2. Erwin2.0 febrewaris 1, 12:38

    Sjochst mar wer hoe’t oare minderheidstaalgebieten ynspirearje kinne. Dit past ommers prima by de meartalige realiteit fan Fryslân!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.