De Nederlânske islam oer homorelaasjes: islamityske Nashville-ferklearrings en ôfwizings dêrfan

jannewaris 13, 2019 18:01

Foto: Diego Duarte Cereceda (unsplash.com)

De ferklearring fan in groep otterdokse Nederlânske kristenen oer relaasjes, slachte en seksualiteit is grif nimmen ûntgien. Under de tekst, in oersetting fan de Amerikaanske Nashville-ferklearring, stiene 250 hantekens. Dêr stiene ek dy by fan promininte SGP-politisy lykas Kees van der Staaij en Diederik van Dijk, krekt sa as dy fan de Drachtster foargonger Orlando Bottenbleij. It Nijs berjochte der ferline wike snein as ien fan ’e earste media oer: klik. De tekst fan de ferklearring is hjir nei te lêzen: klik.

Wilens hat bliken dien dat net alle minsken waans namme ûnder de ferklearring stie, dêr tastimming foar jûn hawwe. Ut protest tsjin it ôfkarren fan homoseksualiteit hawwe der yn Nederlân protestaksjes west. In protte ynstellings hiene fan ‘e wike de reinbôgeflagge hyst. In protte dûmnys diene te witten dat hja de negative hâlding foar homo’s oer net dielden. De heitelânsteolooch fan Nederlân, Stefan Paas, neamde de ferklearring “weinig theologisch doordacht”. Hy neamde de wize hoe’t de ferklearring leauwe, homoseksualiteit en slachte op it aljemint brocht in “buitengewoon ongevoelige, domme en botte manier”.

Kristendom en islam

De ferklearring neamt seks foar en bûten it houlik “onrein”. De ûnderskriuwers feroardielje homoseksuele gefoelens net, mar wol homoseksueel kontakt en relaasjes tusken minsken fan likens slachte. Hja binne neffens de ûnderskriuwers wol te rêden.

Dat otterdokse kristenen der sa ûnder steane, wie fansels gjin geheim. Wa’t op ynternet siket, fynt al fluch mear iepenbiere útspraken dy’t ferlykber binne mei dy yn ‘e Nashville-ferklearring. Mei de sykopdracht ‘vragen christendom’ komt men bygelyks op it webstee www.evangelie-moslims.nl, dat rjochte is op it bekearen fan moslims ta it kristendom. Dêr is te lêzen:

“Met een beroep op de Bijbel keuren wij gepraktiseerde homoseksualiteit af. Vanuit het scheppingsgegeven is duidelijk dat God de seksuele relatie bedoelt tussen man en vrouw en niet tussen twee mannen of twee vrouwen.”

Dat der út islamityske hoeke ek in protte ôfkarring fan homoseksuele relaasjes weikomt, is ek bekend. It Nijs hat ris sjoen oft der ferklearrings binne dêr’t de islamityske hâlding foar homo’s oer út bliken docht.

“Psychologyske stipe”

It is net sa dreech om ynformaasje te finen. Troch ‘vragen islam’ yn Google yn te typen, fine jo al gau ferskate Nederlânsktalige websteeën mei fragen en antwurden oer de islam. Nei alle gedachten binne it websteeën dy’t minsken  yn Nederlân mei fragen oer it islamitsyk leauwe maklik fine kinne.

Op it webstee www.vragenenislam.com stiet as antwurd op de fraach ‘Kan een homo/lesbi ook moslim zijn of is dit onmogelijk?’ it folgjende:

“Het maakt niet uit of een persoon die sex voor het huwelijk heeft of homosexuele handelinngen verricht in een Islamitisch of niet-Islamitisch land leeft; het is een zonde.
Hij die homosexuele handelingen verricht, begaat een grote zonde. God kan hem hierbij met de hel straffen, of niet straffen. Dat is aan God zelf. Het klopt dan ook niet wanneer iemand “hij die een grote zonde begaat, zal zeker de hel in gaan” zegt.
Wanneer iemand voor zijn zondes om vergiffenis vraagt en als God dit accepteert, zal hij vergeven worden. Echter, hij die niet om vergiffenis vraagt, zal voor zijn zondes gestraft worden.”

Op de fraach of in homoseksuele man mei in frou trouwe moat, antwurdet it webstee:

“Wij adviseren u daarom psychologische hulp in te schakelen en de stappen te ondernemen die zij adviseren.”

Alle relaasjes binne ferbean

Foto: Morguefile

In oar webstee dat boppe yn de list mei Google-sykresultaten stiet, dat fan Al Yaqeen yn De Haach, hat it net oer homoseksualiteit, mar beneamt alle relaasjes as dy tusken in man en ien of mear froulju. It webstee wiist alle romantyske en seksuele relaasjes ôf: in man en in frou dy’t gjin famylje binne, meie inoar neffens it webstee net oansjen foardat de man de frou freget om mei him te trouwen:

“Het is voor een vrouw niet toegestaan om een relatie aan te gaan met een niet-Mahram1 man. Zelfs als haar intentie is om met hem te trouwen. Allah heeft het namelijk verboden om alleen te zijn met een niet-Mahram lid van het andere geslacht, om haar handen te schudden of naar haar te kijken. Uitzondering hierop zijn gevallen van nood, zoals bij het vragen van de hand (ten huwelijk) en het afleggen van de getuigenis.”

It webstee www.vraagislam.nl hat it ek net spesifyk oer homoseksualiteit en is like ôfwizend oer alle relaasjes. It antwurd op de fraach ‘Mag ik dus wel of geen relatie?‘ is:

“Nee, in de islam is een relatie voor het huwelijk niet toegestaan. Iemand die een vriendin heeft kan moeilijk beweren dat hij geen zina pleegt met zijn ogen, handen, en zeker met zijn gedachten.”

Gefoelens meie wol, homorelaasje mei net

De Stichting bekeerling, dy’t him rjochtet op minsken dy’t harren ta de islam bekeard hawwe, sit ticht by de Nashville-ferklearring en skriuwt op syn webstee:

“Is een (moslim)familielid homoseksueel? Praat dan met hem of haar. Omarm hen. Doe smeekbedes voor ze. Maak hen duidelijk dat hij niet het juiste pad bewandelt en wijs hem de goede weg. Maar sla de deur niet dicht, dat maakt de zaak erger.
Ben je zelf homoseksueel? Waak dan over je seksuele behoeftes en structureer die. Dat leren ouders ook aan een kind. Zorg dat je niet geobsedeerd raakt door seks. Leer hoe je met je gevoelens kan omgaan, binnen de regels van de islam. Dat je probeert je behoeftes op de islamitische, juiste wijze uit te leven.”

“Immoraliteit”

It Nederlânsktalige islamityske webstee www.uwkeuze.net skriuwt:

“Wanneer mensen hun afkeer uitspreken tegen het homo-huwelijk, wordt er vaak geroepen: “Hoezo ben je tegen een huwelijk tussen twee mensen die elkaar liefhebben!?” Diezelfde mensen verbieden echter wel een huwelijk tussen vader en (volwassen) dochter, tussen moeder en (volwassen) zoon, tussen broer en zus, tussen broer en broer of tussen zus en zus. Wat als een broer en zus verliefd zijn op elkaar en willen trouwen? Nu vinden deze zelfde moraalridders opeens dat dat niet kan. Is het niet fascinerend om te aanschouwen hoe deze ongelovigen regelmatig verstrikt raken in hun eigen doolhof en zichzelf tegenspreken!? Het islamitische verbod op homoseksualiteit wordt gezien als iets ouderwets dat modernisering behoeft!? Nee, integendeel! Het accepteren van homoseksualiteit is in feite niet iets moderns, maar een beweging naar immoraliteit ouder dan de Middeleeuwen.”

Kom net út de kast!

It is minder maklik om útspraken fan islamityske geastliken te finen dy’t homoseksualiteit en relaasjes tusken minsken fan likens slachte wol akseptearje. It webstee www.iedereneenisanders.nl skriuwt dat moslims ûngelikens tinke oer homo’s:

“Er zijn meer dan 1,6 miljard moslims op de wereld. Het is een geloof dat door mensen heel verschillend wordt beleefd. Er zijn ook verschillende stromingen: er zijn Sjiieten, Soennieten, Soefi moslims en Alevieten.
Binnen deze stromingen zijn er verschillende opvattingen over homo, lesbisch en bi zijn. De ene moslim vindt het prima als een homokoppel trouwt. Terwijl de andere moslim het niet oké vindt als je een homo- of lesbische relatie hebt. Per stroming, gemeenschap en per persoon verschillen de meningen over homo, lesbisch en bi zijn.
Er is dus niet één visie vanuit alle moslims over homo, lesbisch en bi zijn, maar er zijn verschillende visies.”

Lykwols rekommandearret it webstee jonge homo’s oan om net út ’e kast te kommen, omdat dat gefaarlik wêze kin:

“Doe geen dingen die je zelf misschien in gevaar kunnen brengen.
Praat op sociale media zoals Facebook niet onder je eigen naam over je gevoelens, als mensen in je familie bepaalde dingen over jou niet mogen weten.
Als je met anderen praat over je homo-, lesbische of bi-gevoelens, benadruk dan dat zij hier niet met anderenover mogen praten. Leg daarbij uit dat er in jouw cultuur anders wordt omgegaan met homoseksualiteit.
Bezoek je thuis website(s) over homo-, lesbisch- of bi-zijn? Haal dit dan uit de geschiedenis van je computer. Lees hier hoe je dat doet:”

It webstee hat ek in stik oer homoseksualiteit yn it kristendom. Dat begjint op deselde manier en homoseksuele jongelju krije der foar in part deselde oanrekommandaasjes yn, mar it hjirboppe sitearre stik oer gefaar en foarsichtige maatregels ûntbrekt.

Kristendom

Der sirkulearje dus op it Nederlânsktalige ynternet in soad islamityske ferklearrings oer homorelaasjes dy’t wat de ynhâld oanbelanget te ferlykjen binne mei de Nashville-ferklearring en sels in warskôging om net út de kast te kommen, omdat dat gefaarlik wêze kin. In tsjinlûd fan in gesachhawwend Nederlânsk webstee of fan Nederlânske geastliken is net maklik te finen.

Oer de omgong mei homoseksualiteit yn Nederlânske kristlike tsjerken is in protte ynformaasje te finen op it webstee www.chjc.nl. It webstee meldt dat de PKN, de âld-katolike tsjerke, it apostoalysk genoatskip en de remonstrantske bruorskip homorelaasje oer it generaal akseptearje, dat de katolike tsjerke der ûnder de hjoeddeiske paus positiver oer wurden is, dat de frijmakke, Nederlânks-grifformearde, kristlik-grifformearde en reformatoaryske tsjerke oer it generaal negatyf binne, mar dat der útsûnderingen binne, en dat de evangelyske en pinkstergemeenten o sa yn harren hâlding ferskille. De PKN hat syn ôfkarring fan de Nashville-ferklearring ôfrûne wike buorkundich makke.

Oanjefte

Tsjin ûnder oaren Kees van der Staaij is oanjefte dien, om’t er him mei it ûnderskriuwen fan ‘e Nashville-ferklearring mooglik skuldich makke hat oan diskriminaasje. De saak docht tinken oan ien út 2016, al wie de oanlieding doe in stik ekstremer. Doe publisearre it webstee www.bladna.nl in artikel oer in homo-organisaasje yn Marokko. Under it stik pleatsten ferskate lêzers reaksjes dêr’t hja yn oprôpen ta geweld tsjin homo’s. Neffens de reaksjes moasten homo’s ûnder oaren “verbrand”, “afgemaakt” en “onthoofd” wurde. It antydiskriminaasjemeldpunt MiND krige ferskate klachten, mar woe dy ynearsten net yn behanneling nimme, mei de folgjende reaksje:

“In de context van de geloofsuiting bestaat in Nederland een grote mate van vrijheid van meningsuiting. Daarnaast worden de uitingen gebezigd in de context van het maatschappelijk debat (hoe moet je de Koran uitleggen), wat eveneens het beledigende karakter wegneemt.”

De reaksjes wiene neffens MiND ek net in kwestje wêze ta oansetten ta haat, omdat “sommige moslims uit de Koran menen te begrijpen dat homo’s gedood moeten worden.”

MiND wie opset troch de Ryksoerheid en minister fan feiligens en justysje Ard van der Steur neamde de reaksje fan MiND “een ernstige fout”. Oan ‘e Twadde Keamer skreau er dat MiND de reaksje efterôf in “onjuiste inschatting” neamd hie, mar dat der neffens him gjin sprake wie fan “het bagatelliseren van het oproepen tot geweld”.

Kristendom fersus islam

Hokker godstsjinst yn Nederlân is no it strangst yn it ôfwizen fan homoseksualiteit en homoseksuele relaasjes? As it giet om de fûlens liket dat de islam te wêzen. Dêr komme oproppen ta geweld foar dy’t ûnder Nederlânske kristenen net fûn binne. As it giet om persintaazjes, dan is de islam dat ek. De Volkskrant skriuwt yn 2017:

“De uitspraak dat er in ons land zo’n 1,5 miljoen orthodoxe christenen zijn, snijdt wel degelijk hout. Maar dat wil niet zeggen dat die allemaal moeite hebben met vrouwengelijkheid en homoseksualiteit: dat lijkt voorbehouden aan een ‘harde kern’ van nog altijd een kwart tot een half miljoen conservatieve christenen. Inderdaad zijn dat er meer dan intolerante moslims, waarvan er, afhankelijk van de definitie, tienduizenden tot een paar honderdduizend zijn.”

Undersyk fan it CBS út 2011 lit sjen dat 91 persint fan de autochtoane Nederlanners gjin muoite hat mei homoseksuele relaasje, wylst dat mar foar 54 persint fan de Turkske en 62 persint fan de Marokkaanske ynwenners fan Nederlân jildt. 17 persint fan de autochtoane Nederlanners soe it slim fine as in eigen bern in relaasje hie mei immen fan itselde slachte. Under Turken en Marokkanen is dat 75 oant 76 persint.

Opskuor

De Nashville-ferklearring hat laat ta in soad opskuor. It manmachtich flagjen mei de reinbôgeflagge, demonstraasjes en stikken yn ‘e kranten makken dêr diel fan út. De stikken op ‘e islamityske websteeën en de earste reaksje fan MiND op de geweldsoproppen hawwe yn 2016 gjin ferlykbere maatskiplike tsjinreaksje úthelle.

jannewaris 13, 2019 18:01
Skriuw in reaksje

9 opmerkingen

  1. mbc84 jannewaris 13, 19:53

    Fan kristenen hoege je net benaud te wêzen, dy sizze fan alles mar sille nea jo deaslaan. Fan mohammedanisten kinne je dat net sizze, dy miene dat se it rjocht hawwe de maatskippij himmelje te meien mei moard en deaslach. Dát is it grutte ferskil en hjirmei sjogge wy ek dat it mohammedanisme (ek wolris eufemistysk ‘islam’ neamd) gjin religy is mar in politike ideology. Tige gefaarlik en dochs hawwe de GrienLinks-mannen dit leaver as de SGP… *skodhollet*

  2. Eric jannewaris 13, 20:01

    Wat in moai flymskerp stik. As de Islam yn NL opropt ta geweld tsjin homo’s, praat de oerheid dat goed en sjoernalisten passe selssenzuer ta. En as in lyts ploechje kristenen homoseksualiteit op freedsume wize ôfkart, komme oerheid en har hantlangers, de sjoernalisten, wol yn it gewear. Tryst.

  3. Abe jannewaris 13, 21:17

    ,,Hokker godstsjinst yn Nederlân is no it strangst yn it ôfwizen fan homoseksualiteit en homoseksuele relaasjes? As it giet om de fûlens liket dat de islam te wêzen.” Ek hjir graach wat nuânse… ,,It” kristendom wiist homoseksualiteit net ôf, dat docht in lytse groep rjuchtsinnigen. By de islam krektsa. Op ‘e nij dat PVV-toantsje….

  4. Borat1980 jannewaris 13, 21:27

    volgens cbs bijna de helft van de Turken en een derde van de Marokkanen. Dat is wel meer als in lytse . groep rjuchtsinigen

  5. mbc84 jannewaris 14, 07:55

    En wer de boel goed prate wolle, it is om fan te koarjen. Wer dat GrienLinks-toantsje… 86% fan ‘e Egiptners wol de deastraf foar ôffalligen, en yn dy hiele wrâld sjogge wy sokke persintaazjes. Ek oangeande homoseksualiteit en oare soksoarte saken binne de persintaazjes yn dy rjochting. Mar nee, it soe in lyts groepke wêze. Hâld ris op mei nei dy NOS te sjen en de NRC te lêzen, se hâlde jo foar de gek. En ja, Geert Wilders hat altiten al gelyk hân, mar hy mei it net krije want oh oh, dan… Bernich, dat is it. En gefaarlik, dy linkse troep. Se steane aanst as dwylsinnigen te klappen at de earste homo’s fan ‘e flat treaun wurde yn Amsterdam, wat in kulturele diversiteit….

  6. Abe jannewaris 14, 12:06

    Leffe lju dy’t oars net kinne as ûnder in skûlnamme boere en koarje en kroechpraat útslaan soe de tagong ta in fierder prima projekt fan de Ried fan de Fryske Beweging ferbean wurde moatte. En stikjesskriuwers dy’t it hawwe oer ,,it kristendom” en ,,de islam” (en ,,de Friezen”) soenen har stikjes nochris neirinne kinne en oanskerpje.

  7. RobMokum (earder allinnich Rob) jannewaris 14, 13:07

    Ik wenje yn in buert yn A’dam dêr’t moslims de grutste grutste groep ynwenners binne. Yn AL myn petearen mei dy moslims, sels mei jongerein en lju dêr’tsto fan tinke soest dat se modern binne, skrik ik fan de ôfkear dy’t se hiene fan homoseksualiteit. De humanistyske benadering fan de Nederlânners tof de islam is hiel wat oars as harren benadering tof ús gedachteguod. Elkenien dy’t yn de Rânestêd wennet hat gjin lang berjocht as dit nedich om dêr efter te kommen. Mar foar Friezen is dit faaks in eye-opener. En Abe, net elke kritikus op it mislearre multikultiprojekt is in PVV’er. Mar de pc-sinsuer soarget wol foar in groei.

  8. mbc84 jannewaris 14, 14:50

    Seit immen fan de ekstreemlinkse kant… It liket wol of binne de tiden fan it kommunisme weromkommen, allinnich wat it Polytburo fynt mei trochgong hawwe.. Brrr, Fryske Beweging, doch der wat oan en lit dat deune nuete sosjalistelûd hjir ris wei… brrr

  9. mbc84 jannewaris 16, 07:37

    @Rob: ik haw deselde ûnderfining.. Mar dat is foar sokken as Abe ûnbesteanber, past net yn ‘e ideology. It soe om in lyts groepke gean, neffens harren. Ferjitten wurdt dat it irrelevant is oft it om in groepke giet of om mear. Sa’n 7% fan ‘e Dútske befolking destiids wie nazylid, mar sjoch wat der fan kommen is. Dêrom beskôgje ik figueren as Abe ek as tige gefaarlik, om’t se saken tasteane allinnich mar út ideology fan it multykulturalisme en/of diversiteit. Lykwols hawwe wy hjir mei hiel wat oars te krijen. Hy ferliket apels mei parren, en wy wize him derop en hy wol it mar net sjen.
    Eartiids haw ik wolris GL stimt (skamje my der no djip foar, soe elts dwaan moatte dy’t it noch altiten yn ‘e holle krijt hjirop te stimmen) en ek wol D66. Nee, ik tink no wol better nei, net stimme foar oikofobe sosjalisten. Fuort mei dy oikofoby en ja foar de eigen woartels!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.