De Fryske les op skoalle: werom nei it idee fan spegele kearndoelen

jannewaris 7, 2019 10:08

Foto: pixabay.com

Troch Henk Wolf

Koartlyn fûn ik it ferkiezingsprogramma fan de FNP tusken de post. No wenje ik yn Grins en dêr kin men net op ‘e FNP stimme, mar ik woe it bêst efkes besjen. Ta myn benijing stie deryn dat de FNP foarstanner wie fan ‘spegele kearndoelen’ foar de fakken Frysk en Nederlânsk. Oars sein: bern soenen op ‘e basisskoalle deselde dingen leare moatte foar Frysk as foar Nederlânsk.

Dat liket my in goed ding ta. En sa wie it tusken 1993 en 2005 ek, alteast yn teory. Doe betocht de provinsje yn 2004 dat it oars moast. De kearndoelen foar it Frysk waarden in heel stik ferlege. In positive hâlding foar it Frysk oer waard it belangrykste, dêrneist moasten bern wat basisbegjinsels fan it lêzen en skriuwen oanleare. It idee fan lykberjochtiging fan Frysk en Nederlânsk dat sûnt 1985 formeel belied fan de provinsje wie, waard falle litten. De doetiidske deputearre Bertus Mulder wie fan betinken dat men skoallen net twinge koe en dat de legere doelen realistysker wienen. Skoallen waarden neffens har prestaasjes yn fjouwer skiften ûnderbrocht en it doel wie dat se heeltyd in skift heger komme soenen, oant alle skoallen alle doelen helje soenen. Boppedat soe in nije searje lesboeken it learen makliker meitsje en troch de legere doelen soe net ien skoalle mear ûntheffing mear hoege te krijen. Doel wie dat de ûnderwiisynspeksje derboppe-op sitte soe.

Nije kearndoelen

Kearndoelen wienen doe formeel noch in saak fan de Ryksoerheid, mar dy bestege dat út oan de Stichting LeerplanOntwikkeling. Dy liet wat it Frysk oangong de earen hingje nei de winsk út Fryslân, ek al hie de ferantwurdlike steatssekretaris fan ûnderwiis Karin Adelmund yn 2001 sein dat se gjin foarstanner wie fan legere kearndoelen foar it Frysk. In kommisje fan saakkundigen fan de Ried fan Europa neamde de maatregel sels ‘a serious step backwards’.

Ik wie doedestiids lid fan aksjegroep Te Mâl, in groep fan benammen jonge minsken dy’t eange dat it neat wurde soe mei dy nije kearndoelen. Us motto wie ‘Twa talen foar elk bern!’ Neffens ús wie it ûnmooglik dat bern it Frysk op in akseptabel nivo learden as de easken sa leech wienen. De taal hie boppedat maatskiplik al in achterstân op it Nederlânsk en de kâns wie neffens ús lyts dat bern derfoar motivearre wurde soenen as de easken safolle leger wienen as foar it Nederlânsk. Elbrecht Claus en ik ha sels by deputearre Mulder op besite west. Dat wie in nuvere byienkomst. Dy begûn dermei dat Mulder ús frege wannear’t de Frânske revolúsje wie en doe wannear’t yn Nederlân it algemien kiesrjocht ynfierd wie. No wisten wy dat tafallich, dat wy stienen net foar aap, mar wy krigen doe in leske oer geduld: tusken de bestoarming fan de Bastille yn 1789 en de earste Twadde Keamerferkiezing dêr’t alle manlju en froulju fan 25 jier of âlder yn 1922 oan meidwaan mochten siet sa’n 133 jier. Dat, mei it ferbetterjen fan it Frysk op skoalle moasten wy ek wat geduld dwaan.

It koe wol

Neffens ús wie it wat ienfâldiger en moasten skoallen it Frysk sa behannelje as oare fakken, mei doelen dy’t helle wurde moasten. Wy wiisden der ek op dat ien op ‘e trije skoallen de âlde kearndoelen op dat stuit wol helle. It koe dus wol. Dy oare twatredde moast gewoan better syn bêst dwaan, sa’t dat ek wurket as skoallen de doelen foar in oar fak net helje. En as de juffen en masters it net koenen, dan moasten se it leare. Of de les jaan litte troch ien dy’t it wol koe. De twa Fryske pabo’s ha doe mei ûnderwiisbegeliedingstsjinst Cedin allegear kursussen opset om it ûnderwizend personiel yn Fryslân by te spikerjen. En der moasten goede boeken komme, kamen wy achter, want doe’t ik in pear jier letter nei basisskoallen ta gong om ûnderwizers Fryske les te jaan, hearde ik hast oeral dat Studio F in ûnwurkber yngewikkelde metoade wie. En yn 2010 dielde de ûnderwiisynspeksje mei dat er tenei neat mear oan it Frysk dwaan soe.

De situaasje no

De praktyk op skoalle is sûnt dy tiid net bot feroare. Neffens it yndrukwekkende ûndersyk dat myn kollega’s Albert Walsweer en Nynke Anna Varkevisser ferline jier publisearre ha, hellet ek no noch ien op ‘e trije basisskoalle alle kearndoelen. Goede skoallen binne tusken 2005 en 2018 dus gewoan goed bleaun, midsmjittige en minne skoallen binne net better wurden. En net ien kin no mear fan har easkje dat se foldogge oan de folle hegere easken fan foar 2005. Op ‘e nij wurde skoallen yn skiften yndield mei parsjele ûntheffings foar beskate kearndoelen, op ‘e nij mei in groeimodel, op ‘e nij ferwachtet de provinsje in ynspanning fan de ynspeksje en op ‘e nij hat de ynspekteur al sein dat der gjin twangmiddels brûkt wurde sille.

It is moai dat Te Mâl fyftjin jier nei ús protesten gelyk krigen hat. En it is moai dat de FNP ynsjocht dat de situaasje fan foar 2005 better wie. Mar hoefolle bern binne yn dy fyftjin jier fan skoalle kaam mei in folle leger nivo yn it Frysk as dat mooglik west hie as de provinsjale polityk doe nei ús ynhâldlike arguminten harke hie? En hoefolle moatte noch fan skoalle komme foardat ien dy’t dat kin – minister, provinsje, ynspeksje, lykfolwa – derfoar soarget dat bern simpelwei yn alle fakken goed les krije, ek yn it Frysk?

Foar wa’t witte wol wat wy mei Te Mâl yn de oanrin nei 2005 allegear skreaun ha: in part fan de website fan Te Mâl stiet noch heeltyd online. Hy is te finen op:
http://www.boerfrank.nl/temal/

Tom Dykstra fan de Feriening Frysk Underwiis hat in prachtige, wiidweidige skiednis skreaun fan de kearndoelen Frysk, dêr’t fan alles yn stiet dat ik hjir net of allinne summier neamd ha. It boekje is publisearre ûnder de namme ‘De makabere dûns om de kearndoelen Frysk hinne’. It is ek as pdf-bestân te finen op:
https://bit.ly/2SFUdj8

jannewaris 7, 2019 10:08
Skriuw in reaksje

8 opmerkingen

  1. Abe jannewaris 7, 12:10

    Bravo! In hiel ferhelderjend stikje fan Henk. No’t de FNP ‘om’ is, better let as net, moatte der ynspanningen komme om ek it CDA sa fier te krijen. Dêr kin ûnder mear de Ried fan de FB in rol yn spylje. Freegje Poepjes ris wat se fan spegele kearndoelen tinkt. Leafst fóar de ferkiezingen.

  2. Cor Jousma jannewaris 7, 12:48

    Heart de skoalle yn jo doarp by dy ientredde dy’t de kearndoelen hellet, of wurde de bern op it doarp ek analfabeet yn ‘e eigen taal.

    Lâns dizze link kinne jo it sels besjen:
    https://fy.wikipedia.org/wiki/List_fan_Profilen_Fryske_Taal_(Basisskoallen)

    Profyl A is goed en profyl B is ridlik. De oare skoallen moatte der noch flink oan wurkje…

  3. Abe jannewaris 7, 13:39

    Wêrom skriuwt Jousma dat skoallen dy’t de kearndoelen fan profyl A en B helje it goed dogge en dat de bern op oare skoallen nalfabeet wurde yn de eigen taal? Skriuwt Henk Wolf hjirboppe net dat it ûnmooglik is foar bern om har taal fetsoenlik te behearskjen op basis fan de tsjintwurdige kearndoelen? Wol J. net op spegele leardoelen ta? Miskien kin J. ien en oar taljochtsje?

  4. Abe jannewaris 7, 14:27

    Twadde learsume aspekt fan boppesteand stik: it is net it ryk dat earstferantwurdlik is foar it beroerde ûnderwiis yn it Frysk, sa’t op dizze side wol gauris mei foars Frysk-nasjonaal patos nei foarren brocht wurdt. Nee hear. Karin Adelmund liet yn 2001 witte tsjin fagere kearndoelen te wêzen, mar ,,de winsk út Fryslân” wie oars. En it wie deputearre Mulder dy’t yn 2004 it ideaal fan fetsoenlik Frysk ûnderwiis de nekke omdraaide. Skoalkoepels wolle der net oan om’t de âlden der gjin priis op stelle om’t har bern der neffens har maatskiplik neat mei opsjitte cq, it net noadich hawwe. Twa politike spoaren binne dus foar de takomst liedend: 1) de leardoelen Frysk moatte lyklutsen wurde mei dy foar it Nederlânsk, en 2) der moat maatskiplik ferlet komme fan Frysk. Ergo: it ,,Taalplan” dat de Steaten oannaam hawwe en dat derfoar soargje moat dat it Frysk ûnderwiis yn 2030 (!) wer oan de kearndoelen foldocht, helpt ús net fierder – dy kearndoelen moatte wat foarstelle, oars bliuwt it by symboalpolityk en stjerrensbegelieding. Praktysk: de FNP kin dizze saak op de politike aginda sette. Dan is fermelding yn in ferkiezingsprogramma allinnich net genôch. Dan sille dêr kampanje foar fierd wurde moatte, koalysjes smeid wurde moatte, moasjes yntsjinne wurde moatte, dan sille publike figueren har hjir mei opinystikken, lêzingen en taspraken op profilearje moatte. Ik bin benijd.

  5. Cor Jousma jannewaris 7, 15:44

    Goede skoallen binne tusken 2005 en 2018 dus gewoan goed bleaun, midsmjittige en minne skoallen binne net better wurden.[sitaat Henk]

    Fansels bin ik foar in spegeling fan de kearndoelen. Mar as ik as net-ûnderwizer de punten fan profilen A en B lês, dan tink ik dat Mulder mei my bliid is dat der yn Ljouwert in stik as trije skoallen binne dy’t profyl B – Frysk lêzen – neistribje. Soks kin dus wol.

    Tegearre mei de AFUK hat Sis Tsiis dy trije skoallen yn desimber krekt in prachtich boekepakket jûn om se dêrmei yn it sintsje te setten. Dy boeken kamen by hiel entûsjaste minsken telâne. Yn ‘e stêd is ek binnen it beroerde Steatebelied noch hiel wat te winnen.

  6. Klaas Buwalda jannewaris 8, 06:58

    Abe: it soe goed wêze dat der in ferkiezingsdebat komt oer Fryske taal en kultuer. Mar wa sil soks organisearje? Of sil bygelyks it EBLT der mei te set? Dan kinne ek de oare partijen yn it iepenbier ferge wurde op harren stânpunt!

  7. Abe jannewaris 8, 13:02

    Goeie Klaas, dat liket my in hiel goed idee. Yn de Harmony, twa lêzingen, in paneldiskusje, in betûfte petearlieder, politisy, bestjoerders, skoalkoepels derby, ynfo oer ûnderwiis en minskerjochten, foarbylden út oare minderheidstalige gebieten. Twa senario’s: 1) wat, as der neat oars bart as it tsjintwurdige ,,belied”, en 2) wat is de wei foarút. Kamera’s der boppe op, kultuermerk en boarrel nei ôfrin. Sokssawat.

  8. R. Kuiper jannewaris 9, 16:36

    Oprop oan âlders fan skoalbern:

    It soe nei myn idee goed wêze -en ek helpe kinne- om op de skoalle fan jim bern in pear dingen te freegjen:

    Wat wurdt der feitlik dien oan it Frysk en hoe libbet dit yn it skoaltiim. In profyl is ien ding, mar hoe is de praktyk? Wat is der foar nedich om it Frysk op in heger plan te krijen? Of: om it dat plak te jaan dat it -oer it generaal- al fierstente lang net hân hat.
    Om krekt ek fanút de âlders wei belutsenheid te toanen en it belang en it foardiel nei foarren te heljen. Dat kin opbouwend. It kin ek goed wêze om de de direksje of MR (meisizzenskipsried) hjiryn te belûken en wat stiet der eins yn de skoalgids of yn it plan foar de kommende jierren oer Frysk? Der lizze kânsen.
    Meartaligens is in tema en dêr kin it Frysk syn plak ek yn fine. Pak dy kâns en lit jim hearre,Yn it belang ek fan de bern.

    Mei freonlike groetnis,

    Remco

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.