De FNP wol de partij foar doarpstradysjes wurde

jannewaris 5, 2019 19:56

Johannes Kramer, listlûker foar de FNP by de Steateferkiezings, hat sneon yn syn nijjierstaspraak oankundige dat de FNP in oar paad ynslacht. Syn taspraak suggerearret in brek mei de spearpunten út it ferline: de Fryske taal wurdt allinne koart neamd, de streektalen neamt er hielendal net en ûnderwiis en selsbestjoer komme yn syn taspraak net foar. Oer de Fryske identiteit seit er: “Net it Frieswêzen grutter meitsje as ússels”. Tradysjes binne neffens Kramer in wichtich bynmiddel, as foarsjennings út de doarpen ferdwine.

“Foar de FNP telt grut-grutter-grutst net”, seit de FNP’er. De partij stiet neffens him foar de lytse skaal fan lokale tradysje, lytse skoaltsjes en de doarpswinkel. Friezen kinne in protte sels, seit er. Hy hat krityk op de bistebeskerming en op nije foarmen fan enerzjywinning, om’t dy it Frysk-eigene yn gefaar bringe.

Kramer syn taspraak is hjirûnder nei te lêzen:

Goeiemiddei Freonen,

Alderearst mei út namme fan myn gesin, mar ek út namme fan Corlienke en de Steatefraksje in goed, sûn en lokkich 2019 tawinske. Dat it nije jier jim en Fryslân bringe mei wat wy der de ôfrûne jierren mei syn allen ynstoppe hawwe: al dy leafde foar ús Fryslân mei syn wûndere mienskip, syn libbene en unike taal en syn rike kultuer yn al har ferskaat.

Foar ús FNP set hjoed de kampanje foar 20 maart útein. Jim sille al merkbiten hawwe hjoed, de FNP fernijt, ferbredet en ferjonget. Wy sette yn op 5 sitten yn de Fryske Steaten. Klear foar it bestjoer, mar ek net benaud foar de opposysjerol.

De Fryske paradoks

In pear wiken tebek stie der yn de Ljouwerter Krante te lêzen dat der soks wie as in Fryske paradoks. Friezen binne minder welvarend, mar dochs hiel lokkich. Jawat, it lokkichst fan hiel Nederlân neffens it CBS yn 2017. Mar, in paradoks? Ommers: hoe kinne Friezen no lokkich wêze, wylst se yn Fryslân wenje?

Fryslân as plak sûnder universiteit, sûnder eksellente ekonomyske foarútgong, in provinsje mei in befolking dy’t úttinnet en fergrizet.

In paradoks omdat jild ús net perfoarst lokkich makket, mar de romte, de frijheid en de eigenheid jouwe ús dat lok wol. Net de wolfeart, mar it wolwêzen.

Dat komme we wol faker tsjin. In gedachte dat it frjemd is dat jo josels beroppe op eigenheid en sa yn positive sin te ûnderskieden. Dy ferrekte Friezen, sy soene har dôchs skamje moatte foar harren Frysk wêzen!

Dat fine we al by de 13-iuwske dichter Van Maerlant as hy it berop fan de Friezen op de Fryske Frijhheid besiket fuort te redenearjen. Hoe kin it dat Friezen beweare dat hja gjin kening, greve of hartoch hawwe, wylst sels de duvels yn de hel witte dat hja in master hawwe. En dat klinkt ek werom yn in grouwelich ynstjoerd stik yn de Ljouwerter Krante fan in sekere Zijlstra út Ljouwert op 3 augustus ferline jier:

“Zij blijven, net als ik, Nederlanders, hoe je dat ook wendt of keert. Wees daar eens trots op en ga van daaruit kijken, hoe de Friese taal te beschermen en daar dan trots op te kunnen zijn en (en dan komt it!) in al zijn nederigheid.”

Freonen, De FNP is oprjochte om no krekt fan dy fan ús easke nederigheid ôf te kommen. Wy binne Friezen, wy meie Friezen wêze, lykas wy dat sels wolle. Lykas dat T-shirt dat jo woris sjogge: Ik ha der net om frege om as Fries berne te wurden, ik ha gewoan gelok hân!

Dêrom giet dizze kampanje foar de FNP net oer feilige útspraken of om opperflakkige stânpunten. Wy fytse net eefkes wat stilder wat better op ‘e pakjedrager fan Rutte, Buma of Segers de Provinsjale Steaten yn. Wy stean op eigen skonken, wy gean út fan eigen krêft. Wy sille ús eigen lûd hearre litte. It lûd fan en foar Fryslân. En oan dat lûd sil wy as FNP mei ús hiele wêzen stim jaan.

Lit dat ús winsk wêze foar 2019: lokkich wêze troch Friezen te bliuwen. Net it Frieswêzen grutter te meitsjen as ússels. Wy draaie it om! Krekt yn it lytsskalige leit foar ús Friezen ús krêft.

Wy wolle grutte romte foar it lytse

Wa’t it nijs folget, krijt gauris it gefoel dat jo allinich besteansrjocht hawwe, at jo grut binne.
Wa’t lyts is, stiet neffens de bûtewrâld ûnder druk. Te min pasjinten, te min bern, te min reizgers, te min oanslutings, te min omset.

As managers fine dat de skaal fan harren skoallekoepel of sikehûs te lyts wurdt en net mear rendeart, moat elts fusearje. Of noch wreder: skoallen of ôfdielings fan sikehûzen moatte ticht. Sadat it antwurd op elts probleem is: it moat grutter! Dit is ek it ‘leitmotif’ fan grutte lânlike partijen lykas VVD en CDA. Minister Bruins neamt in sikehûs in stapel stiennen, foar ús is it fan regionaal libbensbelang. It regear kiest foar in grut fleanfjild yn Lelystêd. En yn harren klimaatakkoart krijt it fleanen ek alle romte, lykas de grutte fersmoargjende industry.

Foar de FNP telt grut-grutter-grutst net, soks fret lokaal alle enerzjy en kreativiteit op. Oeral krijst middelmaat. As minsken foarsjennings of tradysjes behâlde wolle, kinne sy sels lokaal oplossings betinke én útfiere. Yn in tiid dat skoallen, supermerken en soarchfoarsjinnings ferdwine op it Fryske plattelân, binne der lokkich noch tradysjes dy’t soargje foar sosjale bining!

At der mei Pinkster op Skiermuontseach in hoanne yn in koer oan in mêst pleatst wurdt, giet de bistebeskerming oan de fêste wâl net út fan de soarch dy’t de eilanners hawwe foar it bist. En komme mei bisterjochten en driigje mei rjochtsaken. De minsken wurde net betroud, de minsken wurde net leaut, de regel giet foar it sûne ferstân.

De bêste en passende foarsjennings ûntstean ticht by hûs. De brûkers en de minsken dy’t der wurkje, binne belutsen en motivearre omdat it ‘harren’ skoalle, ‘harren’ sikehûs is.

Romte jaan oan in mienskip

Mar de FNP giet fierder. De FNP docht it oars as oare politike partijen. Troch minsken de romte te jaan, sizzenskip. Dat fersterket de krêft fan sokke ûndernimmende mienskippen. Sterke mienskippen soargje nammentlik sels foar goeie foarsjennings. En dat is wer goed foar it behâld fan de eigen identiteit, taal, kultuer en dêrmei it wolwêzen.

En dit is wat wy Friezen dogge. 

De Idesta-hofkes fan Rikus Sinnema. Syn stêds- en doarpshiemen binne in alternatyf foar de grutte ferpleechhuzen fan de Noorderbreedtes en Treant-groepen fan dizze wrâld

Kabel Noord, glêsfezelynternet yn it bûtengebiet by Dokkum, at de grutte jonges der gjin tosken yn sette wolle.

Agraryske Natoerferienings dy’t it lûd fan ús greiden, it gryt-o-gryt fan de skries hearre litte. De lytse pykjes dy’t aanst by it maaitiid wer út it aai krûpe sille.

Libbene mienskippen binne ree om de skouders te setten ûnder eigen wille, wenjen en wurk. Sokke mienskippen sette dizze wike de skouders ûnder it opromjen fan strânen en seediken. Fanwege in miljeuramp dy’t trouwens feroarsake is troch in skip mei fierstente folle konteners oan board. Libbene mienskippen smite ek skrizekriten op, in regelfrij Noardwest-Fryslân of in fûns yn Eastermar foar minsken dy’t gjín priis wûn ha yn ‘e lotterij.

In grutte skaal is ek gjin absolute foarwearde foar súkses. Hoefolle jonkjes en famkes soene hjir eins turnje? In pear hûnderten? Dochs komt Epke hjir wei, de bêste rekstokturner fan ’e wrâld. Ek al komst út Fryslân, do kinst ek in kampioen wurde. Wy bewize dat skaal net automatysk de trochslach jout.

Dit is it lûd fan Fryslân. Ús lûd.

Mar freonen, it kwetsbere stiet al in skoft ûnder druk, meastentiids troch grutskaligens of systeemtinken. Bygelyks it lânskip. It nije jier sil yn it teken stean fan it nasjonale enerzjy-akkoart. Dat de rekken foar de needsaaklike klimaattransysje ûnevenredich swier delleit by de gewoane man en frou. En by ús lânskip, want it reagear wol wer mear en hegere wynmûnen op it fêste lân. En rûnom grutte sinnegreiden. Dat wolle wy út noch yn net, want ús lânskip is gjin enerzjyfabryk!

Fansels, ferduorsumje moat. Wy pakke yn Fryslân ús part fan de rekken. Mar dan wol op in earlike wize. Lit de sterkste skouders de swierste lêsten drage en gean út fan it prinsipe de Vervuiler Betaalt. Fryslân kin de doelen helje. Mei wyn op see, mei 50 prosint partisipaasje troch boargers. Mei geotermy en mei jild foar de ûntwikkeling fan alle oare soarten fan alternativen.

Pak ûndertusken it grutkapitaal oan en stypje de boargers om fan it gas ôf te kommen. Der sit foar miljarden yn de saneamde SDE-pot om it bedriuwslibben te helpen. Stypje mei dat jild net de direkteuren en oandielhâlders, mar de boargers en boeren dy’t omskeakelje. Sa wiist Fryslân de wei, wiist de FNP de wei!

It lânskip is ús griene goud. Dêrom ek pakke wy predaasje oan en bringe wy de wetterpeilen omheech. De lânbou moat nei in natuer-ynklusive wize fan buorkjen. Mar dan wol mei ferdrach en betrouwen, ynstee de boer te straffen. It is in skande dat de biologyske boeren sûnder dat hja foar it fosfaatprobleem soarge hawwe, dôchs fee ynleverje moatte. Net skuldich, wol strafber.

Fryslân wie eartiids altyd in begryp yn de ynternasjonale suvelwrâld, Fryslân dat wie kwaliteit. Mar yn de goarre fan de skaalfergrutting liket it wol of binne wy dat skaaimerk fan kwaliteit kwytrekke. Dêrom moat Fryslân op termyn folslein oerskeakelje op 100% biologyske lanbou, sa kin Fryslân wer it ynternasjonale symboal foar sûne en sirkulêre lânbou wurde. Sa kinne Fryske boeren wer trendsetter wurde yn de wrâld. Fan Fryske kij, Fryske hynders, Fryske wetterbehearsking en Fryske koöperaasjes nei natuerynklusyf en fossylfrij buorkjen! Op in skaal dy’t Fryslân past as in jas!

Freonen, ik slút ôf mei de minsken fan de takomst: ús jongerein.  Dy ha de ôfrûne jierren heard: jo telle allinnich mei, mei yn ‘e bûse in vwo-diploma. Heiten en memmen dy’t op de iepen dagen fan de middelbere skoalle harren bern lâns de grien-, bou-, elektro- as metaal-ôfdieling rinne litte.

“Mar gjin smoarge hannen.”

Mar no fernimme we mear en mear dat wy ferlet ha fan faklju. Ek it jonkje of it famke mei in vmbo-diploma fertsjinnet omtinken en stipe fan de oerheid en it respekt fan ús allegearre. Dat bin de faklju fan moarn, dêr’t ek ferlet fan is.

Wy as FNP jouwe in stim oan dizze nije generaasje fan faklju. Dizze bern meie en moatte ek heard wurde. Corlienke sil har yn de kampanje ekstra ynsette foar dizze wurknimmers en de lyts- en middenbedriuwen.

Freonen,

In FNP-stim yn de provinsjale steaten, in stim yn it wetterskipsbestjoer en yn de Earste Keamer. Is in stim foar Fryslân.

In stim foar Fryslân is in stim foar de minsken.

Freonen, lit ús dat FNP-lûd klinke en daverje, ek it kommende jier, ek nei 2019 en oeral yn it rûn!

5 jannewaris 2019, Johannes Kramer

jannewaris 5, 2019 19:56
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Abe jannewaris 6, 12:35

    Foar in grut part in miste kâns. It net adressearjen fan de grutte kulturele trageedzje fan ús tiid, it ferdwinen fan it Frysk as kultuertaal, is it opfallendste elemint fan dizze taspraak, dy’t mear in sollisitaasje is nei it postmaartske plúsj as in refleksje op it besteansrjocht en de reden fan bestean fan de FNP. Mar de gearkomste hat fûl klapt tink. Dat is wat gearkomsten fan de Frysk-sabeare-nasjonalen al sûnt 1915 it leafst dogge. Skoof en skande.

  2. Hâns J. Weijer jannewaris 13, 18:00

    Ik soe sizze dat Johannes Kramer yn de iepening fan syn taspraak dúdlik it belang fan en de leafde foar de Fryske taal oanjout. Allinne dat jout neffens my al oan dat it belang fan it behâld fan de Fryske taal net yn it ferjitboek komt.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.