Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 21

jannewaris 1, 2019 07:00 Fernijd

Wurdt it wetterstof?

Kollum

Boargemaster Ferd Crone kaam tritich jier lyn, doe noch as keamerlid, by ECN yn Petten. ECN is it foaroprinnend enerzjysintrum fan Nederlân en Europa. “Meneer Crone, let maar op: over tien jaar rijdt de helft van ons wagenpark in Nederland op waterstof.” Crone seach ferheard op. Dat ferwachte er yn dy tiid net. Tsien jier letter kaam er dêr wer op wurkbesite en waard him itselde bewissige. Op dat stuit rieden yn Nederlân noch mar twa wetterstofauto’s, beide eksperiminteel en net op de iepenbiere dyk. Op dit stuit is der foar wetterstof, krekt as foar kearnenerzjy en geotermy in hieltyd gruttere belangstelling.

Wetterstof, wat is dat eins?
Wetterstof is in gas dat út twa wetterstofatomen bestiet. It is uterst licht en brânber. It komt spitigernôch op ierde net natuerlik foar en it moat dus makke wurde. Dat giet oars nochal maklik út wetter. Twa elektroaden yn wetter stekke en der komt wetterstof frij oan de iene poal en soerstof oan de oare. Elektrolyze hjit dat. Mannichien hat dat proefke op skoalle alris by skiekunde dien. Maklik dus!

Mar der sit in njirre ûnder it gers: by dy produksje giet hast de helte fan de enerzjy ferlern. Dat is spitich, mar wol in natuerwet. Stopje der 1 kWh yn en men hâldt in heale kWh oer. Op himsels net sa slim, soe men sizze, want by it ferbrânen fan benzine yn de auto giet 75% oan waarmte ferlern. Sokke ferliezen binne we dus wol wend.

Wetterstof is te brûken yn elektryske auto’s. It wurdt troch in brânstofsel laat en dêr komt dan stroom út. In soarte akku dus. Wurket perfekt. Fan it merk Hyundai binne no al wetterstofauto’s te keap.

In wetterstof auto rydt dus elektrysk
De measte auto’s op elektrysk hawwe in akku. Faak litiumakku’s. As dy mei stroom laden wurde, jouwe se in rendemint fan mear as 95%. En dêr sit him dus de kneep. In akku is by persoane-auto’s de grutste konkurrint foar wetterstof. Dy wedstriid is hast net te winnen, trochdat akku’s hieltyd goedkeaper, lichter en better wurde. En de ynfrastruktuer foar it opladen fan stroomauto’s wurdt fluch útwreide. Wetterstof sil dy wedstriid dus net mear winne.

Mar der is hoop!
Wetterstof kin wol in rol spylje yn de opslach fan enerzjy by grutte wynparken dy’t te folle stroom produsearje as it hurd waait. Dêr wurdt yn it noarden fan Nederlân sterk op ynset. Oer fiif jier sille dêr de earste ynvestearringen foar dien wurde.

Wat sizze se nei alle gedachten no by ECN? “Oer tsien jier rydt yn Nederlân de helte fan alle auto’s op wetterstof…”

Stof om oer nei te tinken…

Bouwe de Boer is enerzjykoördinator by de gemeente Ljouwert en projektlieder fossylfrij Fryslân.
jannewaris 1, 2019 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.