Boartsje mei Boek en Muzyk yn Nasjonale Foarlêsdagen

jannewaris 21, 2019 09:06

Yn de Nasjonale Foarlêsdagen kinne pjutten en beukers yn tsien biblioteken genietsje fan de foarstelling Boartsje mei Boek en Muzyk. Dêrneist fersoargje de lêskonsulinten Foarlêsfeestjes by berne-opfang, pjutteboartersplakken en biblioteken. De Biblioteek stimulearret sa it foarlêzen oan bern dy’t sels noch net lêze kinne. Foarlêzen befoarderet it lêsplezier en de taalûntwikkeling fan jonge bern én de bân tusken âlder en bern.

It ferhaal belibje
Pjutten en beukers dûke yn it Printeboek fan it Jier Een huis voor Harry fan Leo Timmers (Querido). It boek giet oer de swierlivige húsboarre Harry. Hy sit it leafst feilich yn ’e hûs, mar as flinter Vera him op in dei útnûget om tikkerke te boartsjen, wol Harry dat wol. Hy draaft hieltyd fierder fan syn eigen fertroude hûs ôf, oant er net mear wit wêr’t er is… De kommende tiid helpe bern yn Noard-Fryslân him by syn syktocht nei hûs ta; sa belibje se it ferhaal mei. Wa’t it ferhaal thús nochris foarlêze wol, kin it boek fansels liene by de biblioteek. De boekhannel ferkeapet it printeboek ek yn in miny-edysje mei de meartalige app ynbegrepen foar € 5,25. Sjoch foar foarlêstips, printeboeken en noch folle mear op www.ontdekdebieb.nl.

Boartsje mei Boek en Muzyk
Spesjaal foar de Nasjonale Foarlêsdagen makket Het Muziekbeestje Spelen met Boek en Muziek. By dy aktiviteit foar pjutten en beukers belibje de bern Harry’s aventoeren mei troch te sjongen, muzyk te meitsjen, te slûpen as in poes, tikkerke te dwaan en noch folle mear. De tagong is fergees, mar om’t der in maksimum tal plakken beskikber is, moatte pjutten en beukers fan tefoaren oanmeld wurde fia ontdekdebieb.nl. Alden, paken en beppen en fersoargers binne fansels altyd wolkom. It duorret in goed healoere (sûnder skoft).

Yn ûndersteande biblioteken
Moandei 21 jannewaris 15.30 oere Dronryp
Woansdei 23 jannewaris 15.30 oere It Surhústerfean
Tongersdei 24 jannewaris 15.30 oere Frjentsjer
Sneon 26 jannewaris 10.30 oere Sint-Anne
Snein 27 jannewaris 15.30 oere Dokkum
Moandei 28 jannewaris 15.30 oere Bûtenpost
Woansdei 30 jannewaris 15.30 oere Kollum
Tongersdei 31 jannewaris 15.30 oere De Westereen
Sneon 2 febrewaris 10.30 oere Skylge
Moandei 4 febrewaris 15.30 oere Harns

Foarlêze en fergees liene
Foarlêzen is wichtich foar de ûntjouwing fan bern. It prikelet harren fantasij en kreativiteit en hja dogge it letter better op skoalle. Boppedat is it ek nochris tige noflik foar bern én âlder. Yn de byb binne ek in protte Fryske boeken te finen. Wolle jo witte hokker boek by jo bern past? Meiwurkers fan de Biblioteek helpe jo graach. In biblioteeklidmaatskip foar bern oant 18 jier is fergees. En pjutten en beukers dy’t tusken 23 jannewaris en ein maart lid wurde, krije in Harry-foarlêskrûperke kado (op = op). Foar folwoeksenen is der al in kennismakkingsabonnemint foar trije moanne foar € 12,50.

jannewaris 21, 2019 09:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.