Better Frysk ûnderwiis

jannewaris 3, 2019 10:08

Geregeld hearre wy hoe min oft it giet mei it ûnderwiis yn it Frysk. En dat nettsjinsteande de wetlike ferplichting sûnt 1980 foar Fryske basisskoallen om Frysk te ûnderwizen. Op in protte skoallen lykwols is it personiel net botte motivearre en besiket it om ûnder it Frysk út te kommen, faak omdat se sabeare gjin dosinten hawwe dy’t Frysk jaan kinne. It is sels sa slim dat op guon skoallen de bern ferbean wurdt om Frysk op it skoalplein te brûken. De ûnderwiisynspeksje jout noch altiten gjin prioriteit oan it Frysk en fertikt it om skoallen te hifkjen op de kwaliteit fan it Frysk. Dêr giet de Provinsje yn mei troch skoallen ûntheffing te jaan fan beskate ûnderdielen lykas Frysk praten, lêzen en skriuwen.

As reaksje dêrop is Sis Tsiis ûntstien dy’t aksje fiert foar better Frysk ûnderwiis as bernerjocht. In demonstraasje fan Sis Tsis in pear jier lyn yn Ljouwert luts trijehûndert dielnimmers. Doe’t Sis Tsiis lêstendeis yn Ljouwert wer aksje fierde, waard dêr troch it publyk hiel posityf op reagearre.

Yn de Ljouwerter krante fan 20 desimber lêze wy dat mavo- en havolearlingen fan OSG Piter Jelles sa entûsjast binne oer in Fryske wike dat sels bern, dy’t no noch gjin Frysk prate, graach mear Fryske les ha wolle. Se wolle ek graach it Frysk folksliet leare. Se besykje no sels Frysk te learen fia ynternet en filmkes, mar dat slagget net goed. It is, sa’t learaar Durksz seit: “Ook als je niet Fries bent en toch in Friesland woont, is het Fries een onderdeel van je (identiteit).” Wat leit dan mear foar de hân as dat skoallen foar better Fryske les soargje? Der is ek gjin inkelde reden mear om skoallen, ek yn plakken mei in Frysktalige minderheid, in ûntheffing fan it Frysk te jaan. Dus taalskipper Sietske, gean derfoar en hâld op mei it jaan fan ûntheffingen! En skoallen, behein de Fryske les dan net ta ien wike yn it jier, mar jou it alle wiken…

Jehannes Elzinga,
Frjentsjer

jannewaris 3, 2019 10:08
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Abe jannewaris 4, 10:50

    Jehannes Elzinga kin grif wol efkes melde hokfoar skoallen it brûken fan it Frysk op skoalpleinen ferbiede? Op it twadde plak: it identiteitsargumint is in hiel min argumint foar better Frysk op skoalle. Nimmen wit wat dat no krekt betsjut, identiteit, en elk tinkt der wat oars by. Dus leaver net: ,,It Frysk hear by ús identiteit” mar: ,,Steat en provinsje skeine minskerjochten en ynternasjonale ferdraggen troch goed Frysk ûnderwiis te sabotearjen.”

  2. Cor Jousma jannewaris 5, 10:39

    Ja Jehannes, dy skoallen soe ik hjir ek wol by namme neamd hawwe wolle.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.