Bernard Smilde Priis 2019: mienskip

jannewaris 30, 2019 09:58

De Stichting Krúspunt skriuwt alle jierren in priisfraach út foar de Bernard Smilde Priis. Dit jier wurde dichters oproppen om foar 16 maart 2019 in tekst yn te stjoeren oer of nei oanlieding fan it tema ‘mienskip’. Krúspunt is it moetingsplak foar minsken en organisaasjes dy’t mear wolle en kinne mei it Frysk yn en om de tsjerke.

Mei it hâlden fan de priisfraach wol Krúspunt it ûntstean fan nije tsjerkelieten yn it Frysk of ien fan ’e Fryske streektalen stimulearje. De priis is foar orizjinele lietteksten en foar oersettingen fan lietteksten út in oare taal wei.

De priisfraach wurdt útskreaun foar de tekst fan in liet; it is altyd tastien om dêr ek in wize by yn te stjoeren of in besteande wize te neamen dêr’t it liet op songen wurde kin. It liet of fers moat gaadlik wêze om breed te brûken yn tsjerke (gemeente, parochy), mar hoecht net perfoarst in gemeenteliet te wêzen. In sololiet, of liet foar gospelgroep of koar is ek tastien. De sjuery bestiet dit jier út Adri Terlouw, David de Jong en Syds Wiersma.

De priis bestiet út € 250, in komposysje-opdracht om it winnende liet of fers op muzyk te setten en de publikaasje op ’e webside fan Krúspunt. De priis sil útrikt wurde op de Krúspuntdei fan 13 april 2019.

Klik hjir foar it folsleine reglemint. Foar fragen of opmerkingen kin skreaun of skille wurde nei liuwe.westra@mensa.nl, 0517-469245 / 06-30837586. De ynstjoeringen moatte foar 16 maart nei bsp@kruspunt.nl.

Mear ynformaasje oer Krúspunt is te finen op www.kruspunt.frl.

jannewaris 30, 2019 09:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.