Ald en nij yn de lêste oarlochswinter

jannewaris 5, 2019 10:00 Fernijd

Ferhaal fan Jurjen Poelsma

Fan alle jierwiksels yn myn bernetiid is my dy fan 1944/1945 it bêste bybleaun. Fan de oare wit ik allinne noch dat de post altyd in tsjokke bondel nijjierskaarten en ‑kaartsjes troch de foardoar smiet, mar fan dy fan ’44/’45 haw ik mear ûntholden. Ik wie doe in jonge fan njoggen jier. Lit my mar begjinne mei wat deroan foarôf gie.

Wy wennen op in boerespul oan de ferhurde dyk, in aardich ein bûten in doarp yn de súdwesthoeke. Fan âldjierstôgjen hiene wy net folle lêst. Wy wennen wat te fier fuort, tink ik, en de ferplichte fertsjustering yn de oarlochsjierren sil der grif ta bydroegen hawwe dat ús hiem ûntsjoen waard. Yn de âldjiersnacht fan 1943 lykwols wie it mis gien. Doe wiene in haaiwein nadere en alle sinneblinen út de hingsels lichte en meinommen. Ik tink dat ús heit it as in fernedering ûndergien hat om yn de buorren syn eigendommen op te sykjen en werom te heljen. It stiet my by dat er de blinen it earst weromfûn. Dy leine yn it doarp dêr’t wy by hearden. De wein koe er net fine, oant er gewaar waard dat dy yn in oar doarp sjoen wie, krekt de oare kant fan ús pleats út. Ik wit it net mear, mar it kin hast net oars of hy moast earst rinnend mei it hynder nei it plak ta dêr’t de wein sjoen wie om dêrwei mei hynder en wein nei ús eigen doarp ta te riden om de blinen op te laden.

Op âldjiersdei 1944 woe ús heit dêrom alle replik guod fan it hiem ôf ha en yn de skuorre opbergje. Heit en ik waarden holpen troch De Waal, dy’t mei syn frou en in pear lytse bern by ús evakuearre wiene. De haaiweinen, de blinen, molkbussen, boarnamers, ark en alles wat mar meinommen wurde koe bedarre yn de skuorre. Heit fertelde ûnderwilens oan De Waal, dy’t út Brabân kaam, oer de folkloare fan âld en nij. Karren, kninehokken en drûchrakken op platte dakken fan hokken en wurkpleatsen, dat wiene fan dy fiten dy’t men ferwachtsje koe. It barde ek wol dat haai- of bolderweinen hielendal útinoar helle waarden en op ’e naal fan it skuorredak wer yninoar set. En dan ek noch sa dat de bewenners fan de pleats it net hearden. Ik tink no dat de boer sels syn libben derfoar weagje moast om de wein wer ûnder te krijen.

Yn de kranten fan begjin jannewaris waarden de wûnderlikste skelmstreken ferhelle. Earne yn de Dongeradielen hiene se de koster ris raar te pakken hân. Doe’t dy yn tsjerke kaam om foar de nijjierstsjinst de kachel op te stoken, trof er in fôle oan dy’t oan it hek – it saneamde fjouwerkant – fêstbûn stie. Hy hie it bist nei bûten laat en op it tsjerkhôf oan it stek bûn. Doe wie it noch in hiele toer om op ’e tiid de tsjerke skjin te krijen, dat hy fergeat om in glês wetter foar de dominy op de preekstoel te setten. Doe’t de dominy it doarke fan de preekstoel iepen die, skeat him in bigge by de fuotten lâns. Fan ’e skrik rûgele de dominy sawat by it trepke del. In geweldigen konsternaasje yn tsjerke fansels, want de bigge liet him net samar fange. Oft de tsjinst noch wol trochgien wie, wist ús heit net mear. Wol, dat se yn in oar plak, de dominy ek raar te fiter hân hiene. De pastorijtún dêr wie mei in hikje skaat fan it tsjerkhôf. It jongfolk wist dat de dominy thús altyd de toga al oanluts en dan efterom nei de konsistoarje fan de tsjerke rûn. Yn in âldjiersnacht hiene de nachtdravers trije húsketontsjes opinoar steapele en skean tsjin de efterdoar fan de pastorij set. Oft der ek by stie watfoar gefolgen dy fyt foar de dominy hie en hoe’t er dêrop reagearre hat, wit ik net, mar ik nim oan dat er him earst ferskjinje moatten hat ear’t syn gong nei tsjerke fuortsette koe en dat it yn de pastorij noch tiden stonken hat.

Op nijjiersdei wie ik nijsgjirrich hoe’t it der yn de buorren by stie. De middeis gie ik derhinne. It wie prachtich waar; wol fris, mar de sinne skynde fûl. Yn it doarp wie it in drokte fan komsa. No wennen der yn dy tiid, troch de evakuaasje fan minsken út it rivieregebiet, dochs al folle mear as oars, mar dy kamen no ek allegearre tagelyk op ’e lappen. It pleintsje yn de buorren stie en lei fol mei guod dat dêr net hearde. Net allinne boerereau lykas weinen mei of sûnder jarrebak, ierdkarren,  bargetrôgen, amers en molkbussen, mar ek attributen út tunen lykas hikjes, lodden, beantsjestokken en in pikestjelp en lyts húshâldlik ark lykas drûchrakken, wasktobben en neam mar op. It like wol boelguod of rommelmerk. Guon sneupten deryn om om harren eigendommen te finen en oaren stiene derby te gekjeien.

Der wie ek in lânbouwein op luchtbannen. Dat wie wol dúdlik, dy wie fan Wiersma, de iennige boer by ús dy’t sa’nien hie. Wat opslûpen jonges dy’t al fan skoalle ôf wiene begûnen dêroan te lûken. “Wy sille Wiersma wol even helpe”, rôp ien. By de tiksel wie net safolle romte, dat se rôpen: “Triuwe, jonges!” In grutte kliber skoalbern stode nei de efterkant om de wein oan te triuwen. Ik die ek mei en neist my rûn Marinus. Dat wie in hongerlijer út Amsterdam, dy’t hjirhinne kommen wie om op te wouterjen. Hy siet by my yn de klasse en wy boarten wolris mei-inoar. Dat wie dan by syn pleechâlden. Dy hiene in meccanodoaze. Marinus fûn der neat oan om by ús op it hiem te boartsjen.

De wein krige hieltyd mear gong. Wy wiene samar bûten de buorren. It gie prachtich en wy raasden it út fan wille. Oft de grutjonges foaroan ek neitocht hiene oer it doel, wit ik net, mar ik hie wol troch dat wy net de kant fan Wiersma syn pleats út rieden. Dan hiene wy yn de buorren daalk al in oare kant út moatten. Ik tink dat wy al wol in kertier de ferkearde út draafd hiene, doe’t Marinus sei: “Ik vind er niets aan. Ik zie de lol er niet van in. Jij wel?” Hy woe werom. Ik hie myn nocht noch net, mar om no samar werom te gean, like my neat. Ik wie nijsgjirrich wêr’t de wein hinne riden waard, mar ik moast ek tinke oan ferline jier, doe’t heit ús bolderwein net fine koe. No hiene wy Wiersma krekt sa te pakken. It gie noch in eintsje fierder. Doe hearde ik dat se de wein by Hokwerda op it hiem stean litte soene. Dat wie noch in hiel ein. Doe sei ik tsjin Marinus, hiel âldmannich betink ik no: “Soks woe ik ien kear yn myn libben meimeitsje, mar ik gean no mei dy werom.” Wy binne nei de buorren werom rûn en hawwe by Marinus thús noch wat boarte. Doe’t ik thús kaam frege mem hoe’t it wie. Ik sei: “Wol aardich.”
Sûnt haw ik nea wer nei âldjierstôgjen taald en fjoerwurk hat my ek net yn ’e macht krige.

 

jannewaris 5, 2019 10:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.