Aant Mulder: In eksellinte ûnfoldwaande

jannewaris 29, 2019 07:00

Kollum

Eksellinte skoallen en in eksellinte ûnfoldwaande foar de ynspeksje, benammen as it om taal yn it ûnderwiis giet, betink ik, as ik yn ’e kranten lês oer skoallen dy’t har fan de ynspeksje eksellint neame meie. Tiisdei 22 jannewaris kamen der 79 fan sokke skoallen by, dat der binne no 191. Men soe it net ferwachtsje, mar it is dus in aktiviteit fan de ûnderwiisynspeksje en dat wylst dy organisaasje sels yn myn eagen perfoarst net eksellint is. Dêr aanst mear oer. Skoallen dy’t foar dat predikaat yn ’e beneaming komme wolle, moatte oan trije betingsten foldwaan: as goed beoardiele wurde, in eigen spesifyk profyl ha en har sels foar dat predikaat oanmelde. Wa’t it nijs in bytsje folge hat, wit dat der noch hieltyd mar trije fan sokke skoallen yn Fryslân steane. Der ha grif ek net mear skoallen meidien. Dat fyn ik moai. Hoewol, it binne der eins dochs noch trije tefolle! Net meidwaan oan sokke babbelegûchjes soe ’k sizze. Der hiene fansels maklik mear wêze kinnen, mar hast alle skoallen ha, krekt as ik, in skalk each op dy priis fan de ynspeksje. Fan de skoallen foar fuortset ûnderwiis hat sels hielendal net ien meidien. De skoallen dy’t net meidogge fine it in soarte fan profilearjen, dêr’t se neat mei ha. Dêr kin ik it folslein mei iens wêze.

Dat de ynspeksje wol dat alle skoallen goede skoallen binne, dat sprekt fansels. Dêrta moat de ynspeksje nei de skoallen ta, it ûnderwiis en de resultaten hifkje, op in wize dy’t by de skoalle past en it leafst sa objektyf mooglik. It giet dan om metoaden, hoe’t dy metoaden brûkt wurde en om learlingfolchsystemen. In ynspeksje dy’t it earnst is, sjocht nei alle fak- en foarmingsgebieten en de resultaten dy’t dêrby hearre. De ynspeksje moat de finger op it swakke stee of steeën lizze en mei de skoalle ôfprate hoe’t dêr wat oan dien wurde kin. Sa moat wurke wurde om skoallen safier te krijen dat se gewoan allegearre goed ûnderwiis jouwe as se dat noch net dogge.

Der is wat dat oanbelanget spitigernôch noch in bulte wurk te fersetten, tink ik. Dizze wiken lês ik ommers yn dyselde kranten dat de Ljouwerter mannen fan de bûtentsjinst ien moarn yn ’e wike taalles krije, om’t se net by steat binne om in listje te meitsjen, in formulier yn te foljen of wat oars op papier te setten. Dat wurdt dan ‘laaggeletterdheid’ of funksjoneel analfabetisme neamd. Dy mannen binne al wat âlder en men soe hoopje dat der no gjin funksjoneel analfabeten mear fan skoalle ôfkomme, mar dêr ha ’k noed oer. De Ljouwerter mannen fan de bûtentsjinst, dat binne mar in pear fan de 2,5 miljoen fan sechstjin jier en âlder mei deselde problemen, minsken dy’t net it nivo helje dat by tmbû of mbû 2/3 heart. Yn in oar artikel lês ik dat de helte fan de klanten fan de kredytbank grutte swierrichheden hat mei lêzen en skriuwen. Yn Fryslân sitte we, op de twa âlde gemeenten Littenseradiel en Boarnsterhim nei, royaal boppe de 10%. Dat is net goed. Dy beide âlde gemeenten diene it dus kreas. Dêr wurdt it brûken fan it Frysk en it Hollânsk yn de doarpen en op de skoallen hiel gewoan fûn, sa gewoan dat de gemeente Littenseradiel, doe’t it noch koe, fergetten hat en meitsje dêr foldwaande belied op.

Gewoan Frysk!
Mear talen ha dus minder funksjoneel analfabetisme fan gefolgen, liket it wol.

De Pôlle, trijetalige basisskoalle Marsum. Foto: Aant Mulder

It ûnderwiis yn taal en rekkenjen binne wichtige dingen. Dat kinne alle aparte taal- en rekkentoetsen net tefoaren komme. Mei taal en rekkenjen moat gewoan by it begjin begûn wurde en dat moat goed dien wurde. Dêr ha bern rjocht op. As ik taal neam, moatte we net om de memmetalen hinne wolle. Oanslute by it bekende ha se my altyd leard en dat betsjut dus ek dat begûn wurde moat yn de memmetaal en dat dy memmetaal derta docht. Dêr ha bern wat oan. Sa wurdt taal in hûs fan talen, dêr’t bern har yn thúsfiele. Funksjoneel analfabetisme betsjut oant no ta dat it om Hollânsk funksjoneel analfabetisme giet, mar yn in hûs fan talen is de iene taal fansels likegoed as de oare. Dat moatte skoallen bern biede wolle. Dat moat de ynspeksje kontrolearje en stypje. Wat ik der oant no ta fan begryp, dan falt dat ôf. Skoallen en dan benammen de skoalbestjoeren binne lang net allegearre oertsjûge fan it feit dat de memmetaal, it Frysk yn ús gefal, like belangryk is as it Hollânsk. Dat jildt net foar alle bern mar wol foar dy út Fryske húshâldingen. Dy bern ha der rjocht op. Dat betsjut dat de skoallen net sizze moatte kinne, dat se neat of hast neat oan it Frysk dogge om ’t se hast gjin Fryske bern op skoalle ha, want elk bern is unyk en hat rjocht op in passend oanbod ek wat it Frysk oanbelanget. De ynspeksje moat dat ek net gewurde litte, dat is net eksellint!

Dat skoallen yn Fryslân net meidogge oan dy ferkiezingen ta eksellinte skoalle, mar gewoan skreppe foar goed ûnderwiis en tagelyk omtinken ha foar eigen profilen jout moed. De skoallen yn Fryslân ha eigen profilen. Tink oan de trijetalige skoallen, montessori, dalton of jenaplan, freedsume, sûne skoallen, skoallen mei omtinken foar kanjers, talinten, Steve Jobsskoallen en oars wol stjerreskoallen as dy yn Sint Nyk en Balk. Dêr hoege we net oer yn te sitten. De ynspeksje, ik sei it al, hat te min belangstelling foar it Frysk. Ik wit, it sil wat feroarje, mar hege ferwachtingen ha ’k der net fan. Underwilens komme der hieltyd mear trijetalige skoallen. Ik lies fan ’e wike dat de deputearre ta wol op alle jierren in groei fan fiif persint It giet dan om it tal learlingen op trijetalige skoallen. Dat binne no sa’n 10.000. Om my hie de Provinsje de latte wat heger lein.

Hawar, as Provinsje, ynspeksje en skoallen it Frysk foar earnst nimme, wat fan har ferwachte wurde mei, dan soe dat bern rjocht dwaan. Dan komme der mear goede skoallen en yn de takomst minder ‘laaggeletterden’, dêr bin ik fan oertsjûge.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 26 jannewaris yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
jannewaris 29, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Hâns J. Weijer jannewaris 29, 17:43

    In reaksje op dit plak, is myn ûnderfining, hellet net folle út. Want as gjinien it nei in groep trochjout, kraait der gjin hoanne nei. Wurdt der net op yngien!!
    Mei Aant bin ik it hielendal iens, lit ik dat foaropstelle. Mar as it net koarter kin sil syn pleit net fier rikke!!

  2. Th. Dykstra jannewaris 30, 15:37

    Oer it takennen fan it predikaat eksellint oan skoallen noch it folgjende:
    Op 20 septimber 2018 waard yn Thialf in konferinsje oer it Frysk yn it ûnderwiis hâlden. It gie benammen oer it Rapport Taalplan Frysk , in ynventarisaasje fan hoe’t it mei it Frysk stiet yn basis- en fuorset ûnderwiis. Dat is noch net bêst . Sa’n 70% fan de skoallen foldocht noch net oan de kearndoelen Frysk, wylst al fan 1980 en 1993 ôf it Frysk in ferplichte fak is. Tiid genôch hân soe men sizze.
    Dochs reagearre ynspekteur -generaal Vogelzang mei de opmerking dat de ynspeksje net fan doel wie dy skoallen efter de broek te sitten om it better te dwaan.
    Yn it skoft frege ik har oft in skoalle fan de ynspeksje – it eksellint-predikaat krije soe mei it each op yn dit gefal de minne resultaten op it mêd fan it Frysk. It antwurd wie: ja, der waard allinne nei dat aspekt sjoen as dat nijsgjirrich wêze soe.
    De fraach docht him no foar yn hoefier as de ynspeksje (ryks)ynspeksje noch objektyf is en oft de kwaliteit fan it ûnderwiis net ynwiksele wurdt foar in tydlike raazje.Neidielen fan it takennen fan eksellint troch de ynspeksje binne:
    1 – konkurrinsje tusken skoallen wurdt oanmoedige
    (neo-liberaal merktinken). Wie de skoalle wol eksellint op wat der eins dien wurde moat?
    2. Wat kwaliteit is wurdt ûndúdlik en skoallen besykje sa by de ynspeksje en âlden yn in goed bledsje te kommen.
    Op myn fraach oan frou Vogelzang oft de ynspeksje net neutraal beoardielje moat op grûn fan de wetlik fêstleine ‘deugdelijkheids-eisen’ (en dêr heart ek it Frysk by) waard gjin antwurd jûn.
    Fansels hat Mulder gelyk oer it memetaalûnderwiis, mar it probleem mei de ûnderwiisynspeksje is folle grutter. De hâlding fan de ynspeksje foar it Frysk oer is lang net altyd ynoarder.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.