Aant Mulder: ‘Ik wie smoar’

jannewaris 8, 2019 07:00

Kollum

Dat liet, ‘Ik wie smoar’ fan Oele Plop, dat is de nije nûmer 1 fan de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân. Dat ha we âldjiersjûn allegearre hearre kinnen. In ferbjusterjende útkomst fan wat tûzenen minsken fine as it om moaie Fryske lieten giet. Ik koe it liet eins net en dat fernuvere my, om’t ik mien wol aardich op ’e hichte te wêzen. Dat falt likegoed net ta, want we keapje gjin lp’s mear, gjin cd’s. Wy moatte it ha fan Spotify, fan You Tube en fan wat we op Omrop Fryslân hearre en sjogge. Doe’t ik it eigen listje fan fiif nûmers ynfolle, wie ’k al ta te konklúzje kommen dat ik de Fryske lieten eins te min op Omrop Fryslân hear en dat ik se dus ek hieltyd minder goed ken. As we Omrop Spannenburch net hiene, soe ik noch minder Fryske lieten heard ha.

Myn eigen listje woe ik wat ôfwike litte fan de lieten dy’t eins algeduerigen op it earste plak einigje. Dus gjin ‘Marije Maria’ fan Reboelje en gjin ‘Cliffs of Moher’ fan Gurbe Douwstra. Sûnt 2004, doe’t foar de earste kear praat wurde koe fan in Fryske Top 100 ha mar trije oare lieten in inkelde kear op nûmer 1 stien: ‘Wêr bisto’ fan Twarres, ‘It bûthúsbankje’ fan de Wiko’s en ‘Fûgels’ fan Die Twa. Stik foar stik prachtige lieten, mar ik besleat dus in wat oare kar te meitsjen. Ien fan de fiif fan my neamde lieten fyn ik yn de top 10 werom. Dat is ‘As it myn tiid is’ op nûmer 7 fan Gurbe Douwstra. Aldjiersdei, de middeis fan tolve oere ôf, ha ik mei belangstelling de útstjoering op Omrop Fryslân folge.

Ik seach wêr’t de fan my neamde nûmers yn de Top 100 stiene. De nûmer 7 hearde ik fansels net earder as de jûns doe’t de lêste tsien nûmers ien foar ien bekend makke waarden. Ik wist al rillegau hokker lieten ik noch net heard hie. Lieten dy’t dus heech einigje moasten. Doe’t nûmer 7 bekend makke waard, koe ik wol fiif lieten betinke dy’t grif noch komme soene. Mar der kamen fansels noch seis! Der moast dus noch in liet wêze. Dat liet koe ik mar net betinke. Ik kaam der net út. En doe’t ik dan lang om let hearde dat it ‘Ik wie Smoar’ wie fan Oele Plop wie ik it paad hielendal bjuster. Ik koe it liet net en ik koe de sjonger ek net! Ik begriep der hielendal neat mear fan.

Troch tûk te harkjen hearde ik in pear dingen en troch sneupwurk de oare deis waarden wer oare dingen dúdlik. Oele Plat, dat is, soe Gurbe Douwstra wol sizze, it ‘alter ego’ fan Lieuwe Paulusma. De man hat kontakten mei de mannen fan De Hûnekop. Dan wurde al in pear dingen dúdlik wat sjenre en tekst oanbelangje. De Hûnekop stiet ommers bekend om it wat rûgere wurk, dat wol arbeidersrock of roudouwermyzyk neamd wurdt. Sels steane se sa’n njoggen kear yn de Fryske Top 100. De Hûnekop hat yn 2014 ek in dûbel-album ‘Fiif jier smoar’ makke. Tafallich of net, mar ‘Ik wie smoar’ liket oan te heakjen by dy namme en by dy band. Earne oars lies ik dat Paulusma sels wei is fan ‘Because I got high’ fan Afroman, in Amerikaanske rapper. Dat liet hat er bewurke. De oerienkomsten binne grut. Mei ‘high’ hat Oele Plop net safolle, mei bierdrinken nammerste mear. Dus waard it bier en fan bier wurde jo smoar. No sa! Dat wie it begjin fan de stunt, want dat is it nei alle gedachten. It liet waard songen en fia de eigen freonerûnte en grif ek fia dy fan oaren kaam der op sosjale media in hiele kampanje op gong om sa folle mooglik stimmen út te bringen op dat liet. Sa moat ‘Ik wie smoar’ nûmer 1 wurden wêze.

It docht my tinken oan dat liet fan in pear jier earder. Ik doel op ‘Iderien wurdt bekend’ fan Frerik de Swetser, dy’t eins Frerik Samplonius hjit. Dat wie yn 2016 en dat liet kaam dat jiers op nûmer 3! Dat ferske ha ’k doe gauris heard. Dat wie in dúdlik ferhaal. Dat die daliks wol út de tekst bliken. Frerik de Swetser besocht mei dat liet fansels ek stimmen nei him ta te heljen en dat slagge dus aardich. Yn 2017 stie datselde nûmer op 9 en diskear op 20. Dat liet hie ’k wol niget oan. Dat kin ik no eins net sizze fan ‘Ik wie smoar’. Doe’t we it liet âldjiersjûn hearden, tochten we earst dat it oer de leafde gie. Wy tochten oan smoarferlyfd, no ja smoarfereale fansels, mar dat hiene we goed ferkeard. It die bliken dat it oer drank gie. Wat dat oanbelange soe’t moai yn de rige passe fan: ‘Op in dag’ fan Gerrit Breteler, ‘Berenburg’ fan De Hûnekop, ‘De Bearenburch is myn sjirurch’ fan Piter Wilkens en sa.

Smoar, dat rôp fragen op. Wat is dat foar in wurdsje en wannear kinst it al en wannear net brûke. Dêr wit ik wol wat oer te sizzen. Ik ha op ’t lêst mear ferstân fan taal as fan muzyk. Smoar is in haadwurd en it is in eigenskipswurd, It haadwurd betsjut: fet, rizel. ‘De smoar yn ha’, ‘It naait derút as âld smoar’ en ‘smoar sette’ (jild fertsjinje) falle ûnder dat haadwurd. It eigenskipswurd betsjut sokssawat as tige, slim en bewurket dus it fuortsterkjen fan de eigenskip dêr’t it om giet. De earste mooglikheid fan smoar dy’t neamd wurdt is: tige fereale, smoar op immen wêze! De twadde mooglikheid fan smoar hat alles te krijen mei dronken wêze. Jin smoar sûpe. Hy wie smoar. It wurdsje kin ek noch gewoan ferskriklik betsjutte. Tink oan: Dat lân sit smoar ûnder it túch. Fierder ha we fansels: smoardrok, smoarferkâlden, smoarfol, smoarryk en faaks noch wol mear. Mar goed, wa’t dus smoar is, is smoardronken. It soe moai wêze as Oele Plat fan dit liet ‘Ik wie smoar’, smoarryk wurdt. Dat falt likegoed grif ôf. De kâns is grutter dat Oele Plat mei syn ‘Ik wie smoar’ oer in jier al wer hielendal fergetten is, of it soe wêze moatte dat syn freonen op de sosjale media it dochs wer oprêde en kom opnij yn de Top 10.

Yllustraasjes: Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 5 jannewaris yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

jannewaris 8, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Eric jannewaris 8, 18:32

    Wa’t it bier-evangeelje sjongt, is populêr yn FRL.

  2. Cor Jousma jannewaris 9, 12:25

    De Omrop is tsjintwurdich ôfstimd op dy – net mear op de wat âldere mienskip – en dat docht sa’t it liket fertuten.

  3. jangerben jannewaris 12, 13:38

    As jo dit lietsje heard hawwe, hoege jo it wurdsje smoar direkt net wer te hearren. Troch reklame te meitsje op sosial media koene se dus nr 1 wurde. Hjir hie de Omrop dochs yngripe moatten. En ek noch dat misliedige kommentaar ” “Die bagger die er elk jaar weer in staat. Er staat nooit een iets fatsoenlijks in die hele Top 100”, stel Emiel. “Wij hebben hier een dikke hit!”
    De Omrop sil de spulriegels feroarje moatte, oars be stiet de top 100 hielendal út soksoarte
    hielendal út soksoarte fan frskes.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.