Aant Mulder: Fabryk yn see

jannewaris 22, 2019 07:00

Kollum

Sânfabryk yn see. Dat moat it wêze en net sânyndustry yn ’e mar of sa. Op guon plakken sjoch ik de lêste tiid A4’kes hingjen dêr’t op stiet: SANYNDUSTRY NEE. Dat docht my deugd. Dat binne minsken dy’t yn ’t Frysk protestearje en dêr mei ’k wol oer. Ik sis der daliks mar by dat der ek oaren binne, mar dat lit ik no mar gewurde. Ik fyn dy Fryske formulearring eins wol nijsgjirrich. Hoewol, wy praten eartiids fansels net fan yndustry, mar fan fabriken. Dat kaam, tink ik, om’t der net genôch fabriken stiene om dat yndustry neame te kinnen. Dat is letter wol wat feroare. Doe’t der hieltyd mear fabriken kamen, hiene we it dus folle faker oer yndustry en oer yndustryterreinen. Dat hie ek wol wat. Doarpen mei in yndustryterrein diene derta.

Ik hâld it likegoed op fabriken. Wy hiene it molkfabryk, it moalfabryk, it houtsjefabryk en wy hiene fansels it stjonkfabryk. Dat iene fabryk op dat eilân yn de Iselmar by Aldemardum, dat der noch komme moat en dêrom allinne noch mar op tekening besjoen wurde kin, en dêr’t no hieltyd fûler tsjin protestearre wurdt, dat is dus wat my oanbelanget gjin sânyndustry mar in sânfabryk. Dat fabryk komt ek hielendal net yn de mar, mar yn see te stean. Hoewol’t we al in moai skoft, om krekt te wêzen sûnt 1932, de Ofslútdyk ha, dy’t fan de Sudersee de Iselmar makke, prate we yn Gaasterlân noch altyd graach oer see en dat woe ’k mar sa hâlde. Dat dêrom praat ik oer in sânfabryk yn see.

Foto © Aant Mulder

Der komt dus wat argewaasje oer dat fabryk yn see. Guon binne foar en guon binne tsjin. It hat der alles fan dat der hieltyd mear minsken komme dy’t tsjin binne. Der komt sadwaande hieltyd mear diskusje. De lêste wiken hear ik gauris dat we, oft we no foar binne of net, de diskusje yn alle gefallen op grûn fan de goede arguminten mei-inoar oangean moatte. Dat hâldt yn dat guon fan betinken binne dat we dat dus net altyd dogge. Hawar it seit himsels dat we op goede grûnen útlizze kinne moatte wêrom’t we foar of tsjin binne. It soe ek moai wêze dat we goed nei-inoar harkje en dat we de boel net ferrifelje.

No’t we it dochs oer sân en in sânfabryk ha, kin ik dêr mei hiel moai taaleigen wol wat oer sizze. It giet dan om sân as getal en om sân as grûnsoarte. Wy stekke bygelyks de kop net yn it sân. Wy wurde, oft we no foar of tsjin binne, ferge op goede arguminten, dy’t tagelyk net as droech sân oaninoar hingje. Wy dogge der goed oan en harkje nei-inoar, om my mei sân pear earen. Wy moatte inoar ek gjin sân yn de eagen struie. Dat falt allegearre noch net iens ta. Wat der ek fan komt, de siswizen jouwe net folle moed. Sân wurdt ommers nea gjin acht. Dat betsjut dat jo net folle better wurde fan sânfarren. Dat is no krekt wat hjir oan ’e oarder is. Nee, foar’t jo it witte sitte jo op it sân, yn ’e nederklits dus. Hawar der komt grif wer in tiid dat we sizze kinne: sân deroer, mar oft dat fan ’t jier al is of net earder as oer tritich jier, dat is op gjin sân parten nei te sizzen.

Taaleigen is moai, mar we ha fansels wol in probleem. It is eins in wat nuver ferhaal mei dat sânfabryk yn see. Der wurdt al jierren oer praat en it like allegearre kreas yn kalk en semint te kommen. Langer as sân jier, dat is hiel lang, wisten we dat der by Aldemardum in loads sa’n fiif kilometer út de kust wei op in kreas dêrta opspuite eilantsje komme soe te stean. Der waard wolris wat sein oer fersmoarging fan de kimen, oer ljocht- en lûdoerlêst. Nei de wynmûnen kin dy fersmoarging net folle slimmer mear wurde, soe men sizze. Dy wynmûnen, dêre begûn it mei. Doe’t dy der dochs kamen, ha guon minsken grif tocht dat sa’n fabryk der ek noch wol by koe. En no, no soe ’t samar kinne dat de Keninklike, Royal sizze se sels, Smals út Limboarch noch krekt foar de streek yn ’t sân byt. We binne grif ta de konklúzje kommen dat in fabryk dochs wat oars is as in wynturbine. Der kaam in aksjegroep Sânwinning Iselmar, der kamen stikken yn de kranten, in protestliet, folle net genôch. Aardich wat tsjinstanners reizgen ûnderwilens ek yn âlde skoalbussen nei de riedsgearkomste op ’e Jouwer ta. Foarstanners setten buorden. De beslútfoarming yn de gemeenteried waard útsteld, net om dy bussen, mar om’t de lanlike oerheid wat ûndúdlike sinjalen ôfjoech. Der moat no earst praat wurde. Dat dogge se yn febrewaris. Tagelyk wurdt it der allegearre net makliker op.

 

Foto © Aant Mulder

Underwilens wurdt dúdlik dat in gebiet fan 250 hektare foar sânwinning mei in eilân fan 7 hektare dochs wol aardich grut is en dat in gat fan 60 meter wol aardich djip is. It fabryk wurdt 22 meter heech. It liket wol oft we no pas yn ’e gaten krije hoe heech oft dat is. Dêromhinne sjen wurdt noch in hiele keunst. Datsoarte fan grutskalige aktiviteiten dei en nacht mei ljocht en lûd, kinne net sûnder gefolgen bliuwe, net foar ús en net foar de natuer. En dat wylst we altyd begrepen ha dat dat gebiet in hiel bysûnder Natura 2000-gebiet is, dêr’t eins neat barre mei. Wy krije yn ’e gaten dat 30 jier ek wol hiel lang is en dat dy 100.00 euro jiers oant sa’n 3,5 miljoen ta foar de hiele perioade oer 30 jier wolris minder wêze kin as we tochten. Dan lês ik ek noch dat mei fersmoarging en grif ek mei fersâltsjen rekkene wurde moat en dat wylst we it wetter fan de Iselmar simmerdeis hieltyd faker nedich ha.

Dat no in petysje mei mear as tsientûzen hantekens oanbean is, fernuveret my net mear. It is it doel en helje aansten alle jierren dus sa’n 2 miljoen ton sân út see. Wy sjogge net wat der ûnder wetter bart, mar in nuver gat wurdt it al. Goed, der komme terrassen ûnder wetter om alles kreas te plak te hâlden. Dat hoopje ik dan mar, want it soe skande wêze as in Aldemardumer Klif dochs noch yn see ferdwynt. Sân út de Noardsee, dat wurdt in pear sinten djoerder ha ’k wol begrepen. Likegoed hat dat wat my oanbelanget de foarkar.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 19 jannewaris yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

jannewaris 22, 2019 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.