1996: In winter lang Alvestêdekoarts

jannewaris 1, 2019 09:10

Yn jannewaris 1996 is Henk Kroes net fan de telefyzje wei te slaan. De foarsitter fan de Feriening De Fryske Alvestêden sprekt oer iistransplantaasjes, wynwekken en foaral oer ja of nee. Komt er wol of komt er net?

Foto: NOS

Snein 4 febrewaris 1996 liket de grutte dei te wurden. Fol goede moed rydt Kroes fan syn wenplak Boazum nei Ljouwert. Hy tinkt dan noch dat er de wurden “It giet oan” útsprekke sil. Mar de foarsitter hat te optimistysk west. De tocht komt der net. Alteast net de offisjele tocht. Wykblêd Panorama fynt Kroes mar lef en beslút om sels in Alvestêdetocht te organisearjen. Njoggen maratontoppers ride in wylde tocht sûnder stimpelkaart.

De winterrige fan Andere Tijden Sport set op snein 6 jannewaris útein mei de ôflevering oer in winter lang Alvestêdekoarts. Yn de ôfleveringen dêrnei: Barbara de Loor, Frans Derks, Rudi Lubbers en Willem van Hanegem. Mear ynformaasje oer de útstjoerings is hjir te finen.

Andere Tijden Sport: Een winter lang Elfstedenkoorts
Snein 6 jannewaris, 22.00-22.30 oere, NPO 1

jannewaris 1, 2019 09:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.