147 bondels yn ’e beneaming foar earste Grutte Poëzijpriis

jannewaris 14, 2019 09:16

De belangstelling foar de earste edysje fan De Grote Poëzieprijs is fier boppe ferwachting. Utjouwers en dichters stjoerden yn totaal 147 bondels yn foar dielnimming.

Neffens de lêste edysje fan de VSB Poëzieprijs, de foargonger fan De Grote Poëzieprijs dêr’t yn 2017 79 bondels foar ynstjoerd waarden, is it tal ynstjoerings hast ferdûbele. Dêrby kin sein wurde dat poëzijbondels, ferskynd oer in langere perioade – fan 1 septimber 2017 oant en mei 31 desimber 2018 – meidwaan koene. Ofmetten oan it grutte tal ynstjoerings kin hoe dan ek konkludearre wurde dat noch hieltyd in grut ferlet bestiet oan in jierliks ikermomint foar nije Nederlânske poëzij.

Klik hjir foar it oersjoch fan ynstjoerde bondels.

De sjuery fan de poëzijpriis bestiet út dichter Joost Baars, heechlearaar moderne Nederlânske letterkunde Yra van Dijk, skriuwer en presintator Adriaan van Dis, dokumintêremakker Cindy Kersborn en dichter en performer Maud Vanhauwaert. Sûnt begjin desimber bûge sy har fol oerjefte oer de ynstreamde bondels. Op woansdei 6 febrewaris, de lêste dei fan de Poëzijwike, nominearret de sjuery fiif bondels. It bekendmeitsjen makket diel út fan de ûntknoping fan de tsiende Turing Gedichtewedstriid yn de Rode Hoed yn Amsterdam. De úteinlike winner fan De Grutte Poëzijpriis 2019 wurdt op snein 16 juny buorkundich makke by it feestlike útrikkingsprogramma ta ôfsluting fan it 50e Poetry International Festival Rotterdam yn De Doelen.

Bondels yn eigen behear
Foar de priis yn 2019 koene foar it earst ek bondels útjûn yn eigen behear ynstjoerd wurde. Ofhinklik fan de oanholden kritearia – redaksjonele begelieding, finansjeel risiko, poartewachtersrol – fariearret it persintaazje ynstjoerings dat as útjefte yn eigen behear oanmurken wurde kin tusken 5 en 15%. Der binne yn feite gradaasjes fan ‘eigen behear’.

Nominaasjes en presintaasjes yn it lân
De Grutte Poëzijpriis bekroanet de bêste Nederlânsktalige bondel fan it jier mei in jildbedrach fan € 25.000,-. En der is mear as in flink jildbedrach en in feestlike útrikking foar de bêste bondel. Op wei nei de útrikking yn juny presintearret De Grutte Poëzijpriis ferskate programma’s om omtinken te freegjen foar de bêste nije Nederlânsktalige poëzij fan it momint en aktuele ûntwikkelings yn de steat fan de Nederlânsktalige poëzij. It wurk fan de nominearre dichters en ek de trends dy’t op te meitsjen binne út it gehiel fan ynstjoerings, lizze oan dy programma’s te’n grûnslach. De Grutte Poëzijpriis nimt dêrmei in bysûnder plak yn it lânskip fan literêre prizen yn.

Sjoch ek op www.poezieprijs.nl.

jannewaris 14, 2019 09:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.