Wytse syn twastriid (ferhaal)

desimber 1, 2018 07:29 Fernijd

It wie yn de Twadde Wrâldoarloch. Wytse wie in jier as sân. Syn heit wie troch de Dútsers oppakt. Dy waard fertocht fan yllegaal wurk. Wytse syn mem bestjoerde de húshâlding en de pleats mei help fan in âld-arbeider en har jongere suster, dy’t net troud wie en salang by harren ynwenne.

It rûn tsjin Sinteklaas. Wytse, dy’t syn twivels alris utere hie oer in Sinteklaas dy’t alles wist en koe, wie troch syn mem yn betrouwen nommen: it wie mar in ferhaal! Hy hoegde der net mear yn te leauwen, mar it wie wol in geheimke fan mem en soan. De lytsere bern mochten dat noch net witte.

Doe’t Wytse oan syn muoike fertelde wat er fan syn mem gewaar wurden wie, hearde dy dêr raar fan op. Sy wist net fan it geheim en fûn it prachtich om bern sa lang mooglik yn de Sint leauwe te litten. Se die dan ek alle war om Wytse foar dat leauwe werom te winnen. Wytse tocht dat se der sels ek yn leaude. Under it melken wie Wytse faak yn it bûthús by de arbeider. Dat wie in âlde en wize man. Wat tocht dy, soe it wier wêze dat Sinteklaas alles kin en alles fan ús wit? De man wist net dat Wytse al foarljochte wie, dat dy sei dat it werklik wier wie. Der besteane no ienkear dingen dy’t wy mei ús ferstân net befetsje kinne. Wytse hie it der nochris mei syn mem oer: muoike en de arbeider sizze beide dat Sinteklaas wol bestiet. Mem sei, se witte wol better, mar se binne foarsichtich mei wat se sizze, ek al om dyn suskes.

Wytse gie op de kristlike skoalle. De juffer hie koartlyn in ferhaal oer Jezus ferteld en dat dy in kear sein hie dat je net twa hearen tsjinje kinne en dat er dêrmei bedoelde dat as je yn God leauwe, dat je dan net tagelyk yn in oare god of goaden leauwe kinne. Dat hie Wytse nochal logysk like. Doe’t syn mem him ferteld hie dat Sinteklaas net bestie, wie him dat ferhaal fan skoalle ek wer yn it sin kommen. It sterke him om foar wier oan te nimmen wat syn mem deroer sein hie.

Yn de wike foar it sinteklaasfeest bepraten de beide froulju dat it foar de lytse bern wol moai wêze soe om de sinteklaas dy’t op de beukerskoalle kaam te freegjen ek op de pleats te kommen. Dat waard ôfpraat. De bern wisten fan neat, Wytse ek net. De beide froulju pakten wat kadootsjes yn en diene dy yn in sek. Op 5 desimber, it wie tsjin seizen, waard der fûl op de foardoar slein. Muoike die iepen en och heden, doe wie it allegear drokte. Dêr wiene Sinteklaas en Swarte Pyt. Dy lêste struide mei pipernuten. Wytse koe harren noch wol fan doe’t er op de beukerskoalle gie. Wie er dan dochs echt? Mem sei dat de arbeider der ek efkes by komme moast.

Sinteklaas mocht op heit syn stoel sitte en Swarte Pyt stie derneist. Dy hie in sek mei kadootsjes. Hy helle der wat út, lies de namme fan ien fan de suskes en joech it har. Muoike en de arbeider kamen der ûnderwilens ek yn. Sinteklaas fûstke mei harren en Wytse koe sjen dat se echt yn him leauden. It wie wol apart, Sinteklaas koe elkenien. Soe er dan dochs alles witte? Doe’t de lytste bern wat krige hiene, sei Sinteklaas: “En no Wytse noch. Kom do ris efkes ticht by my, jonge. Ik haw heard datsto mienst dat ik net bestean. Hoe komst dêr no sa by? Do sjochst it dochs sels dat ik der bin?” Wytse rûn hielendal read oan en die it sawat yn ’e broek fan benaudens. Sinteklaas sei: “Jou my ris in hân. Silsto my belove datsto tenei trou yn my leaust.” “Ja, Sinteklaas”, sei Wytse, sa súntsjes dat it hast net te hearren wie. Wat hie er it krap. Hy makke dat er yn in skimerige hoeke fan de keamer weiwaard. Hy wie bliid dat Sinteklaas gau ôfskied naam. Dy moast noch nei folle mear bern ta, sei er. Wytse fielde him dea-ûngelokkige al hie er wol in boartersauto en in boek krige. Doe’t er de jûns op bêd soe en syn nachtgebedsje song, fielde er him skuldich. Yn himsels sei er: “God, it spyt my, ik moast jo wol efkes yn ’e steek litte. Ik koe net oars, dizze kear. Begripe jo dat?”

Oardel jier letter – heit wie wer thús en mem wie swier – achte syn mem de tiid kommen om Wytse te fertellen wêr’t de lytse bern wei komme. It hjitte altyd dat dy troch de dokter brocht waarden. Der wiene ek bern op skoalle dy’t seine dat in earrebarre dat die. Wytse hearde net iens sa nij op fan wat syn mem him fertelde. De kealtsjes kamen ommers ek út de ko en de lamkes út it skiep?

Doe’t Wytse in dei of wat letter ris mei syn mem allinne yn de keamer wie, sei er: “Binne der noch mear fan dyn dingen dy’t jim ús mar wiis makke ha? Dan woe ik dat no ek wol witte.” Syn mem stelde him gerêst: “Nee hear, dit wie it.”

De drege twastriid dy’t er as bern hân hie oer it wol of net bestean fan Sinteklaas, brocht him der letter ta dat er him hillich foarnaam om, as er sels bern hawwe soe, dy neat wiis te meitsjen. Doe’t it lykwols safier wie en de bern op de beukerskoalle yndoktrinearre waarden mei it sinteklaasleauwe, hawwe Wytse en syn frou it net opbringe kinnen om de bern wizer te meitsjen. Mar sa gau as ien ek mar in bytsje twivele, hawwe se der net langer om hinne draaid.

Wimke Draaisma

 

 

 

desimber 1, 2018 07:29 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. HJW desimber 2, 18:38

    Sa sjogge jo mar, elk wurdt op syn eigen tiid wiis en ik soe sizze, lit dat mar sa!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*