Ws Haita

desimber 22, 2018 16:48

Troch Henk Wolf

Op Facebook seach ik in skoftsje lyn de njonkensteande tekst foarbykommen. It is in foarbyld fan it gebed Us Heit yn it Frysk fan ein sechstjinde ieu. De tekst sjocht der o sa eksoatysk út, mar dat komt benammen troch de stavering. Wa’t him lûdop lêst, fernimt dat it ferskil mei ús Frysk lytser is as dat er earst tocht hie.

Under de tekst stiet ‘Us Heit neffens de âldst oerlevere tekst (1597)’ en dat blykte in betiizgjende rigel te wêzen, want op Facebook mienden guon dat it de âldste Fryske tekst wêze soe. Dêr is fansels neat fan wier. Der binne folle âldere teksten yn it Aldfrysk fûn en ek fan taalstadiums dêr’t net fan wis is oft se al Frysk hite meie of dat se hearre by in eardere taalfaze doe’t it Frysk en oare talen eins noch mei-inoar ien Germaanske taal foarmen. Oant rûchwei 1550 wie it Aldfrysk as skriuwtaal yn gebrûk yn wat no de provinsje Fryslân is, dêrnei ferfoel it ta in sprektaal en naam it Nederdútsk/Nederlânsk/Hollânsk (dêr’t doe noch gjin dúdlik ûnderskied tusken bestie) de rol as skriuwtaal oer. It Us Heit út 1597 is dus opskreaun yn de tiid dat der amper mear Fryske wurden op papier set waarden.

De wurden binne dan ek net opskreaun troch in Fries, mar troch in Flaming, mei de eksoatysk klinkende namme Bonaventura Vulcanius (hoewol’t syn famylje fanâlds De Smet hite). Vulcanius wie taalkundige en hat yn syn boek De literis et lingua Getarum siue Gothorum de Fryske ferzje fan it Us Heit opnaam. Dy hat yn de frisistyk in bysûndere status, net omdat it de âldste Fryske tekst wêze soe (want dat is er net), ek net om’t er de âldste Fryske ferzje fan it Us Heit wêze soe (want der in op syn minst ien fragmint fan in âldere ferzje bekend), mar omdat er de earste tekst is dêr’t it wurd heit (of alteast in dúdlik herkenbere foargonger dêrfan) foarkomt.

Heit is nammentlik in bysûnder wurd. As men sjocht nei besibbe talen, dan ha dy allegear in wurd dat sichtber ûntstien is út it Germaanske wurd fader, dat sels wer besibbe is oan wurden yn oare Yndo-Europeeske taalfamyljes, lykas it Latynske pater. Sa’n wurd hat yn it Frysk ek lang bestien (ûnder oaren yn de foarm faar) en it kaam as synonym fan heit noch oant yn de tweintichste ieu foar. Yn wurden lykas âldfaar en foarfaars wurdt it noch wol brûkt.

Oer it komôf fan dat mysterieuze wurd heit wurdt al heel lang diskusjearre. De measte taalkundigen fermoedzje dat it út de bernetaal komt, lykas hjoed de dei bygelyks heity. Moderne famkesnammen sa as Nynke binne ek ûntstien as ynformele farianten fan âldere nammen. In aardige observaasje is dien troch W.J. Buma, dy’t yn 1988 (‘Nijfrysk heit‘ yn Us Wurk XXXVII, side 68-73) beskreau dat er farianten fan it wurd heit ek yn it East-Frysk, Grinslânsk, Hollânsk en ferskate Dútske dialekten oantroffen hie. Hy stelde út dat it wurd yn de Germaanske talen altyd al bestien hie, mar allinnich yn it Frysk no noch bestiet.

desimber 22, 2018 16:48
Skriuw in reaksje

7 opmerkingen

  1. mbc84 desimber 22, 18:08

    Bêste Henk,
    Hoe sit it eins mei it wurd ‘beppe’, ik haw wolris heard dat dat fan it Russyske ‘babûsjka’ komme moast. Mar hoe komt in Russysk wurd yn ús Frysk??

  2. Henk Wolf desimber 22, 18:20

    Bêste mbc84,

    Der is gjin reden om oan te nimmen dat ‘beppe’ út it Russysk komt, mar it hat nei alle gedachten wol deselde oarsprong. Yn allegear talen fine wy wurden foar famyljeleden dy’t besteane út twa wurdlidden mei yn beide it lûd a (papa, mama, djadja, baba). Wurden dy’t op ‘beppe’ lykje wurde yn ferskate dialekten yn Nederlân ek wol foar famyljeleden brûkt. It Saansk en it Markensk hawwe bygelyks ‘bappe’ yn de betsjutting ‘pake’ en yn Oerisel komme ‘bebbe’ en ‘beb’ foar ‘pake’ foar.

    It sterke fermoeden bestiet dat dy wurden ûntstien binne út it stammerjen fan lytse bern, dêr’t folwoeksenen dan in betsjutting oan takenne. Foar ‘beppe’ en foar it Russyske ‘baba’ wurdt oannaam dat se ûntstien binne út fan dy stammerwurden. It stikje -oesjka yn ‘baboesjka’ is in ferlytsingsútgong (lykas -ke by ús, dus ‘baboesjka is sokssawat as ‘bepke’).

  3. mbc84 desimber 23, 11:38

    Tank foar de útlis! Ik fûn it altiten al sa nuver dat dat in Russyske oarsprong hawwe soe. Tank jitris!

  4. Sjieuwe Borger desimber 25, 08:54

    Ik haw ris lêzen dat heit fan hjitte komt, hy dy’t hjit, de befellen jout. Is dat no oars wurden?

  5. Henk Wolf desimber 25, 14:50

    Bêste Sjieuwe Borger,

    Dat is de ferklearring dy’t Buma útstelt yn it stik dat ik neam. Dy ferklearring is net út te sluten, mar hy hat wol wat problemen.

    It foarnaamste probleem is dat guon fan de Dútske en Nederlânske foarmen dy’t Buma fûn hat klankwettich net fan kognaten fan ‘hite’ ôf te lieden binne. Henk Meijering hat dêr yn 1993 yn it Tydskrift foar Fryske Taalkunde op wiisd (‘Ta de etymology fan heit’, nû. 1-2, s. 77-81) en him liket Buma syn ferklearring dêrom ûnwierskynlik ta.

    Definityf beantwurde is de fraach oer it komôf fan ‘heit’ dan ek noch net.

  6. Lútsen desimber 25, 15:15

    @Henk. Yn it Skylgerfrysk is heit en mem ‘ta en mim’, as ik my net fersin. Is ‘ta’ in oerbliuwsel fan ‘haita’? Wat ek hiel riedseleftich is, is it Baskyske wurd foar heit, nammentlik ‘aita’.

  7. Henk Wolf desimber 25, 15:56

    Goeie, Lútsen,

    Nee, Aldgermaanske wurdeinen bliuwe oer it generaal net bestean, omdat de wurdklam der net op falt en de wurdeinstjes yn stappen ôfsliten binne. De -e yn it Wâld-Fryske ‘heite’ is nei alle gedachten noch wol in restant fan dy âlde -a.

    Foarmen foar ‘heit’ dy’t lykje op ‘ta’ komme yn allegear besibbe talen en dialekten foar. It Ingelsk ‘dad’ en it Noard-Fryske ‘taatje’ binne foarbylden. Salang’t der gjin reden is om in oare etymology te sykjen geane taalkundigen derfan út dat it fan oarsprong allegear fan dy ‘stammerwurden’ út de bernetaal binne, krekt lykas ‘papa’, ‘mama’, ‘djadja’, ‘baabe’, ‘tata’ en noch withoefolle oare oantsjuttingen foar famyljeleden.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.