Winners Finale op wei nei it NBE Nijjierskonsert bekend

desimber 25, 2018 10:46

Snein 3 desimber waard by Open Ears de Finale holden fan de komposysjewedstriid fan it Nederlands Blazers Ensemble (NBE) yn TivoliVredeburg. Nei fjouwer sensasjonele foarwedstriden en twa spannende heale finales wiene der noch trettjin jonge komponisten yn de race om op 1 jannewaris mei de blazers op it poadium fan it Konsertgebou yn Amsterdam te stean.

Foto: Wikipedia/Hans Peter Harmsen – lisinsje CC BY-SA 1.0

Yn in goedbesocht Hertz presintearren de trettjin jonge komponisten, begelaat troch it NBE, harren wurken. De finalisten hiene it tema Adam & Eva op hiel ferskillende manieren ynterpretearre en dat levere by de optredens in ferrassend ferskaat oan muzykstilen op. Alle komposysjes wiene fan heech nivo en de finalisten diene kwa orizjinaliteit en kreativiteit net foarinoar ûnder. Dat makke it foar de sjuery lestich om trije winners te kiezen.

Uteinlik wie dêr dan dochs de útslach: de trije lokkigen dy’t Nijjiersdei mei it NBE op it poadium fan it Konsertgebou stean binne: Ben Forte (19) út Utert, CasperGroep (13) út Krommenie en it duo Sijmen MacDonald (17) en Teun de Vries (17) respektyflik út Goaiïngea en Skearnegoutum.

De sjuery neamde de komposysje fan sjonger/pianist Ben Forte, mei as titel Misselijk, ‘in hertstochtlik en mei folle oertsjûging skreaun wurk.’ Cain’s Dream fan kontrabassist CasperGroep waard troch de sjuery priizge om ‘syn sublym – mei in kop en in sturt – komponearre stik’.

It sjongduo Sijmen MacDonald (17) en Teun de Vries (17) wûnen mei harren Verknochtheid van het bestaan. De sjuery wie fan betinken dat sy net inkeld goede muzyk makke hiene, mar ek as iennigen fan de finalisten ‘op in ûndogenske manier mei it tema omgien wiene’.

Op 31 desimber (De Generale) en 1 jannewaris (Nijjierskonsert om 14.00 en 17.00 oere) stiet it Nederlands Blazers Ensemble wer boarch foar in ferrassend muzikaal feestje mei dizze jonge komponisten, ûnferwachte gasten, en bysûndere ferhalen yn in folslein útferkocht Konsertgebou.

It Nijjierskonsert wurdt troch BNNVARA útstjoerd op 1 jannewaris, de jûns fan 19.00 oere fia NPO2.

desimber 25, 2018 10:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.