Wêrom’t it Belgyske regear hjoed fallen is

desimber 18, 2018 23:58

Charles Michel

It is dien mei it regear fan it Belzelân. Foarste minister Charles Michel hat kening Filip frege om it folsleine kabinet dien te jaan. De koälysjepartijen yn it regear-Michel hawwe sûnt 9 desimber net mear in mearderheid yn it Belgyske parlemint.

Doe stoep nammentlik regearingspartij N-VA út ‘e koälysje. Reden wie dat it regear neffens dy partij gjin mandaat hie om it ferdrach fan Marrakesj te ûnderskriuwen. Yn dat ferdrach stiene ôfspraken oer rjochten en plichten fan ymmigranten. De N-VA wie bang dat it ûnderskriuwen fan it ferdrach op kosten gean soe fan ‘e beliedsfrijheid fan it Belgyske regear. Earder berjochte It Nijs oer de krisis yn België: link 1 en link 2.

Op dat stuit tinkt Charles Michel jit dat it mûlk is en regearje fierder. De ministers fan de oare koälysjepartijen, CD&V, MR en Open Vld, bliuwe oan. It parlemint tsjinnet net fuortendaalk in moasje fan wanbetrou yn. De opposysjepartijen easkje lykwols fan it minderheidsregear dat it formeel om stipe fan ‘e folksfertsjintwurdiging freget.

Dy folksfertsjintwurdiging moat de nasjonale begrutting noch fêststelle. De N-VA wol dêr net mear oan meiwurkje. Michel siket stipe by oare partijen en ûnderhannelet mei harren oer in begrutting dy’t by de partijen Groen-Ecolo, cdH, sp.a en PS troch de mesken kin troch harren belied oan te bieden op bygelyks klimaat, ymmigraasje en keapkrêft. Dat docht Michel lykwols sûnder dat mei syn minsters oer te lizzen. De fraksje fan ‘e liberale koälysjegenoat Open Vld is ferstuivere. Hja seit dat har fraksje mei de útstellen fan Michel net ynstimme sil. Dat makket dat de oppsysjepartijen it betrouwen opsizze.

 

desimber 18, 2018 23:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.