Waarpraatsje: tiisdei drûch

desimber 10, 2018 18:40

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in tal ritige en rûzige dagen wurdt it tiisdei allegear wat better.

Yn ’e nacht fan moandei op tiisdei wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf. Der kin noch in inkelde bui falle. De wyn komt út it noardwesten en is swak oant matich, by de kust lâns stiet mear wyn. It wurdt 3 graden.
Tiisdei sil de sinne geregeld te sjen wêze. It bliuwt, nei alle gedachten, sa goed as drûch. By in swakke oant matige weste- oant noardwestewyn wurdt it 7 graden.

Fan woansdei ôf wurdt it kâlder.

Jan Brinksma

desimber 10, 2018 18:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.