Waarpraatsje: snein ek ritich

desimber 8, 2018 21:17

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in tige hjerstige sneon is it ek snein ritich en wiet. Moandei wurdt it stadichoan wat better.

Yn ’e nacht fan sneon op snein is de loft foar it grutste part berûn en falle der inkelde buien, miskien wol mei hagel en tonger. De wyn komt út it westen en is frij krêftich. By de kust lâns en boppe de Iselmar stiet in stik mear wyn, mei ek noch kâns op wynstjitten. It wurdt om de 5 graden hinne.
Snein wikselje opklearringen en bewolking inoar ôf. Boppedat falle der noch inkelde buien. De wyn giet nei it noardwesten en is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. It wurdt 8 graden.

Moandei jout de wyn him stadichoan wat del. Wol is der noch hieltyd kâns op in bui. Mei 7 graden wurdt it al wat kâlder. Fan tiisdei ôf krije wy in pear drûge dagen.

Jan Brinksma

desimber 8, 2018 21:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*