Waarpraatsje: ritich wykein

desimber 7, 2018 19:05

DE JOUWER – Nei in strieminne freed sjocht it der foar it wykein ek net goed út. It bliuwt tige ritich.

Yn ’e nacht fan freed op sneon wikselje inkelde opklearringen en bewolking inoar ôf. Der is boppedat kâns op in bui, miskien wol mei hagel en tonger. De wyn komt út it súdwesten en is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. Letter yn ’e nacht is der by de kust lâns kâns op wynstjitten. It wurdt in graad as 5.

Sneon is de loft berûn en kin it sa út en troch reine. Letter binne der ek wat opklearringen. Yn ’e rin fan ’e middei falt buiïge rein. Sels tonger is op ’e nij net útsletten. De wyn komt earst út it westen en wurdt frij krêftich oant krêftich. Yn ’e rin fan ‘e dei giet de wyn nei it súdwesten. By de kust lâns, boppe de Iselmar en yn it Waadgebiet stiet de hiele dei in stik mear wyn. It wurdt 9 graden.

Snein feroaret der net folle oant it ritige en skiere waar.

Jan Brinksma

desimber 7, 2018 19:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*