Waarpraatsje: ritich

desimber 2, 2018 19:26

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in, foar it grutste part, kreaze sneon en in ferreinde mar tige mylde snein, bliuwt it ritich.

Yn ’e nacht fan snein op moandei is de loft berûn en kin der in bui falle. De wyn komt út it súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. Mei 10 graden is it tige myld.
Moandei wikselje bewolking en inkelde opklearringen inoar ôf. Der is boppedat kâns op in bui. De wyn komt op ’e nij út it súdwesten en is matich, by de kust lans en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt 10 graden.

Nei moandei bliuwt it ritich en (frij) myld. De sinne sille wy hast net sjen.

Jan Brinksma

 

desimber 2, 2018 19:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*